Provinsjale en Buma Biblioteek fan Fryslan

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Provinsjale Bibleteek )
Buma Bieb (2020)

De Provinsjale en Buma Biblioteek fan Fryslan wie fan 1852 of oant 2002 in bibleteek yn Ljouwert.

Dizze biblioteek , troch 'en dei de PBF neamd, wie in provinsjale ynstelling dy't opset waard om under oaren it behear fan twa wichtige boekekolleksjes te fersoargjen, nammentlik de biblioteek fan de Universiteit fan Frjentsjer en dy fan it Hof fan Fryslan .

In opfallend underdiel fan de PBF foarme de Buma-Biblioteek mei in rike kolleksje op it med fan de klassike taal en aldheid . De boeken kamen ut in troch de provinsje akseptearre legaat fan Lieuwe Annes Buma . Hjiryn stie ek de ferplichting ta ynstanhalden fan in iepenbiere biblioteek op it med fan de Gryskske en Romeinske taal- en letterkunde. Begjin santiger jierren wienen dat 48000 bannen. De utliening wie frij. It bestjoer lei by Deputearre Steaten fan Fryslan. De oanwinsten waarden twa kear jiers publisearre yn listen mei oanwinsten. De Buma-biblioteek waard yn septimber 1966 underbrocht by de Provinsjale Bibioteek. Yn de njoggentiger jierren fan de 20e iuw waard de kolleksje Fuks oan de biblioteek skonken.

De PBF wie in wittenskiplike studzjebiblioteek der't men telane koe foar gans underwerpen: taal - en letterkunde, (keunst) skiednis , sosjale en rjochtswittenskippen, filosofy en teology . Bysunder omtinken wie der foar de taal, skiednis en kultuer fan de Fryske lannen . Dernjonken bea de Fukskolleksje literatuer oer Hebriuwske/Joadske taal- en letterkunde.

De PBF wie yn 2002 ien fan de fuzypartners fan Tresoar .

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: