Protagonist

Ut Wikipedy

In protagonist (fan it Aldgrykske πρωταγωνιστ??, protagonist?s , dat letterlik "spiler fan 'e earste rol" betsjut) is in term ut 'e narratology wermei't ferwiisd wurdt nei de haadrolspiler yn in fiksjewurk ( roman , novelle , koart ferhaal , epos , toanielstik , musical , opera , balletfoarstelling , film , tillefyzjesearje , ensfh.). Faak wurdt dizze term derom beskoge as synonym mei 'held' (of 'heldinne'). De protagonist is dejinge waans ferrjochtings troch de lezer of it publyk it neist folge wurdt. Derby kin it ek om mear as ien personaazje gean; sa komt faak in protagonistepear fan in man en in frou foar, dy't dan yn 'e regel in romantyske relaasje mei-inoar hawwe of krije.

De protagonist wurdt tsjinwurke of kin yn it ferhaal alteast ofset wurde tsjin ien of mear antagonisten , dy't faak 'smjunten' neamd wurde. Sokke antagonisten soargje (bewust of unbewust) foar obstakels en beletsels dy't de protagonist oerwinne moat om syn/har doel te berikken. Fan oarsprong is de antagonist yn it Aldgrykske toaniel bedoeld om foar konfliktsitewaasjes te soargjen, dy't de kreften en swakten fan it karakter fan 'e protagonist bleatlizze.

In protagonist heart yn it sintrum fan in ferhaal te stean, en drege besluten te nimmen en de gefolgen fan dy besluten te underfinen. Hy of sy heart it ferhaal yn beweging te halden. Der besteane lykwols fariaasjes yn it gebruk fan protagonisten. As in ferhaal bygelyks in subplot befettet, of as it giet om in ferhaal dat ut ferskate ferhaallinen bestiet, dan kin faak yn elts fan dy ferhaallinen in personaazje oanwiisd wurde dy't foldocht oan 'e karakteristiken fan in protagonist.

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: References , op dizze side .