Predaasje

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Proai )
Predaasje.
rofdier wiist troch nei dizze side. Foar it taksonomyske skift Carnivora , sjoch: rofdieren .
roffugel wiist troch nei dizze side. Foar it taksonomyske skift Accipitriformes , sjoch: roffugels .

Predaasje is in ferskynsel fan biologyske ynteraksje tusken ferskillende soarten organismen , werby't it iene, de proai , fongen en opiten wurdt troch it oare, it rofdier , dat eins better predator neamd wurde kin (want it kin ek in fleisitende plant weze). Spesifikere oantsjuttings binne roffugel foar predators dy't fugels binne, roffisk foar predators dy't fisken binne, ensfh. Predators deadzje yn 'e regel har proai foar't se dy opite, mar net altyd. Likegoed einiget (suksesfolle) predaasje yn it algemien mei de dea fan 'e proai.

Oare foarmen fan konsumpsje fan organismen binne herbivory (it iten fan planten of dielen fan planten), mykofagy (it iten fan skimmels ) en detrivory (it iten fan ies , d.w.s. dierlik of plantaardich materiaal dat al dea of ofstoarn is). It kin dreech weze om 'e ferskillende konsumpsjefoarmen faninoar te underskieden. Om in pear foarbylden te jaan: as in ko by it iten fan gers ynsekten binnenkriget, is dat dan in foarm fan predaasje? En hoe moat men it sjen as in parasyt syn aaien leit yn in wune fan syn gasthearsoart, dy't de utkommen larven dan fan binnenut oanfrette?

It wichtichste skaaimerk fan predaasje is lykwols de direkte ynfloed dy't it halden en dragen fan 'e predator hat op 'e populaasje fan 'e proai. Dy ynfloed is oer it algemien geunstich, want sunder de rofdieren dy't de alde, sike en swakke proaien ofskiftsje en opfrette, soe it mei de proaisoarte yn it unleech reitsje. Sa'n selektive druk liedt gauris ta in evolusjonere wapenwedrin tusken predator en proai, werby't de proai oanpassings untwikkelet dy't him by steat stelle om oan 'e predator te untkommen (want de eksimplaren dy't untkomme binne dejingen dy't har fuortplantsje en jouwe dus sa in nije eigenskip oan harren neikommelingen troch), wylst de predator dan sels ek wer oanpassings untjout om 'e nije oanpassings fan 'e proai te oerwinnen (want de eksimplaren dy't de proai fange binne dejingen dy't oerlibje en jouwe dus dy nije eigenskip oan har neikommelingen troch). Dizze syklus kin yn prinsipe oant yn it uneinige trochgean.

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: References , op dizze side .