Prins

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Prinsesse )

In prins is in aadlike titel dy't ferskillende betsjuttings hat. It froulike ekwivalint is in prinsesse . It wurd komt, fia it Franske prince fan it Latynske princeps , dat in gearstalling is fan primus , "earst(e)", en capio , "gripe", mei de betsjutting fan "haadman" of "hearsker".

Der besteane ferskate soarten prinsen:

  • De prins (prinsesse) as regearjend monarch . Dit soarte fan prinsen stiet oan it haad fan in prinsdom , lykas foarhinne it prinsdom Oranje , der't it Nederlanske keningshus syn famyljenamme ( Oranje-Nassau ) oan untliend. Hjoeddeistige foarbylden fan sokke prinsdommen binne Monako en Andorra . Foarhinne wiene der folle mear, benammen yn Itaalje . Yn it Dutsktalige gebiet waarden sokke prinsen foarst ( Furst ) neamd, en sadwaande is it foarstedom Lychtenstein dan ek ekwivalint oan in prinsdom.
  • De prins (prinsesse) as net-dynastyk ealman . By dit soarte fan prinsen is 'prins' in erflik oerdraachbere famyljetitel, ferlykber mei hartoch , greve of markys . Sokke prinsen komme en kamen benammen foar yn Frankryk , Itaalje en op it Ibearysk Skiereilan , om't ek dizze foarm fan prinsen yn it Dutske taalgebiet foarst neamd waard. Foarbylden fan dit soarte fan prinsen binne de Franske prinsen fan Conde en Sedan , of om in spesifyk gefal te neamen, Ruy Gomez de Silva, prins fan Eboli , ien fan 'e machtichste Spaanske eallju ut 'e sechstjinde iuw .
  • De prins fan it bloed (prinsesse fan it bloed). Sokke prinsen binne de soannen fan keningen of keizers , hoewol't yn guon lannen ( Eastenryk , Ruslan ) derfoar net de titel prins brukt waard, mar aartshartoch .
    • De kroanprins (kroanprinsesse) is de prins fan it bloed yn in beskaat lan dy't erfgenamt fan 'e troan is. Yn 'e regel giet it derby om 'e aldste soan (of dochter) fan 'e regearjende monarch, mar it kin ek in jonger bern of in broer (of suster) weze.
    • De erfprins (erfprinsesse) is in oare beneaming foar in erfgenamt fan 'e troan. Yn 'e regel wurdt mei de titel 'erfprins' of 'erfprinsesse' it aldste bern fan 'e kroanprins oantsjut.
  • De prins-gemaal is yn guon lannen (lykas Nederlan ) de titel fan 'e oarehelte fan 'e regearjende keninginne. Om't it fan alds ornaris de kening wie dy't regearre, soe in keningstitel yn dit gefal ta betizing liede kinne, en sadwaande wurdt de titel prins-gemaal brukt om oan te jaan dat it de keninginne is dy't regearret. Oarsom wurdt de oarehelte fan in regearjend kening nea in 'prinsesse-gemalinne' neamd, mar gewoan in 'keninginne'. Foarbylden wiene prins Claus en prins Bernhard .
  • De prinsbiskop wie foarhinne in roomsk biskop of aartsbiskop dy't njonken syn tsjerklike funksje ek wraldsk bestjoer utoefene oer in beskaat gebiet. Foarbylden derfan wiene de prinsbiskoppen fan Luik , Keulen en Trier . Bernard fan Galen , better bekend as 'Bommebearend', dy't yn 1672 de noardlike Nederlannen binnenfoel, wie de prinsbiskop fan Meunster .

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: References , op dizze side .