Prins fan Oranje
is in erflike titel, dy't sawol troch it keningshus fan
Oranje-Nassau
as troch it hus
Hohenzollern
droegen wurdt. Oarspronklik wie de titel ferbun oan it selsstannige prinsdom Oranje (Orange) yn it suden fan
Frankryk
.
De titel kaam ynearsten allinnich de manlike neisieten fan
Willem fan Oranje
ta. Doe't de Fryske
steedhalder
Johan Willem Friso
op
14 july
1711
by Moerdijk ferdronk, untstie der in skeel oer de erfnis. Sawol prins
Willem IV
as kening
Frederik fan Pruisen
makken oanspraak op de titel. Dat konflikt waard yn
1732
oplost mei it
Traktaat fan Partage
. De kening fan Pruisen hie al yn
1713
ofstan dien fan syn rjochten op it prinsdom
Orange
yn Frankryk. No dienen ek de Nassau's ofstan. Lykwols holden beide aadlike huzen it rjocht op de titel
Prins fan Oranje
.
Oant de wetswiziging fan 1983 mochten allinne manlju de titel Prins fan Oranje drage.
Fan
|
Oant
|
Namme
|
Opmerking
|
1815
|
1840
|
Willem
|
de lettere Willem II; soan fan Willem I
|
1840
|
1849
|
Willem
|
de lettere Willem III; soan fan Willem II
|
1849
|
1879
|
[Willem
|
stoar als kroanprins; soan fan Willem III
|
1879
|
1884
|
Alexander
|
stoar als kroanprins; soan fan Willem III
|
1884
|
1980
|
gjin
|
titel oant
1983
foarbehalden oan de mannilike neiteam
|
1980
|
2013
|
Willem-Alexander
|
Soan fan Beatrix
|
2013
|
|
Catharina-Amalia
|
dochter fan Willem-Alexander, earste Prinsesse fan Oranje
|