De
Presidinsjele Frijheidsmedalje
(
Ingelsk
:
Presidential Medal of Freedom
) is in
Amerikaanske
priis dy't ferliend wurdt troch de
Amerikaanske presidint
. Tegearre mei de ferlykbere
Gouden Medalje fan it Amerikaanske Kongres
(
Congressional Gold Medal
) is it de heechste en wichtichste Amerikaanske
underskieding
foar boargers.
De Presidinsjele Frijheidsmedalje wurdt neffens de offisjele omskriuwing utrikt ta erkenning fan lju dy't
"in bysunder fertsjinstlike bydrage levere hawwe oan 'e feilichheid of de belangen fan 'e Feriene Steaten, oan 'e wraldfrede, of oan kulturele of oare publike of private undernimmings."
Hoewol't it in boargerlike priis is, binne militeren net fan utrikking utsletten, en ek butenlanners komme derfoar yn oanmerking. De Presidinsjele Frijheidsmedalje waard yn
1963
ynsteld troch presidint
John F. Kennedy
, ta ferfanging fan 'e eardere
Frijheidsmedalje
(
Medal of Freedom
), dy't yn
1945
troch syn foargonger
Harry Truman
ynsteld wie om boargers te earjen dy't har fertsjinstlik makke hiene foar de Amerikaanske oarlochsynset yn 'e
Twadde Wraldoarloch
.
Under de winners fan 'e Presidinsjele Frijheidsmedalje binne lju fan alle med fan 'e maatskippij:
arsjitektuer
,
diplomasy
,
duns
,
film
,
fotografy
,
geneskunde
,
godstsjinst
,
keunst
,
literatuer
,
media
,
muzyk
,
polityk
,
rjocht
,
romtefeart
, it sakelibben,
sport
,
underwiis
,
wittenskip
, ensfh. Bekende winners binne bygelyks:
Isabel Allende
,
Tony Blair
,
Warren Buffett
,
Jimmy Carter
,
Doris Day
,
Walt Disney
,
Placido Domingo
,
T.S. Eliot
,
Kirk Douglas
,
Ella Fitzgerald
,
Aretha Franklin
,
Audrey Hepburn
,
paus
Jehannes Paulus II
,
Danny Kaye
,
Martin Luther King
(postum),
Henry Kissinger
,
Yo-Yo Ma
,
Nelson Mandela
,
Rosa Parks
,
Gregory Peck
,
Norman Schwarzkopf
,
Frank Sinatra
,
John Steinbeck
,
Aung San Suu Kyi
,
Mem Teresa
,
Desmond Tutu
,
Lech Wał?sa
,
John Wayne
,
Oprah Winfrey
en
Stevie Wonder
. Foar in folsleine list mei winners, sjoch op
dizze side
, yn 'e Ingelske Wikipedy.