Praach

Ut Wikipedy
Praach
Praha
Polityk
Lan Tsjechje
Regio ( kraj ) Praach
Distrik ( okres ) Praach
Boargemaster Adriana Krnacova (ANO)
Sifers
Ynwennertal 1.243.201 (2014)
Oerflak 496 km²
Hichte 177 - 399 m
Oar
Stifting om 885
Tiidsone UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koordinaten 50° 05' N, 14° 25' E
Offisjele webside
www.praha.eu
Plein yn 'e alde sted
Sicht op Mala Strana fan de Hrad?any of
Karelsbrege

Praach ( Tsjechysk : Praha ) is de haadsted en grutste sted fan Tsjechje en leit oan rivier de Moldau (Tsjechysk: Vltava ). Yn 2005 hat de sted 1.181.610 ynwenners en in oerflak fan 496 km².

De universiteit fan Praach, de Karlsuniversiteit, is stifte yn 1348 troch kening Karl IV en is de aldste universiteit fan Sintraal-Europa benoarden de Alpen en beeasten de Ryn . Sunt 1992 stiet it alde stedssintrum op de UNESCO - wralderfgoedlist .

Praach leit yn de histoaryske regio Bohemen , dat tegearre mei Moraavje Tsjechje foarmet. Bohemen wie eartiids in keninkryk, mar troch ferskate houliken mei Habsburchske foarsten waard it lan yn 1526 part fan de Habsburchske dynasty. Tagelyk waard Bohemen in Eastenrykske provinsje dat ta gefolch hie dat Praach Dutsktalich waard. Ferneamde Dutsktalige skriuwers en dichters, lykas Franz Kafka en Rainer Maria Rilke , binne hikke en tein yn Praach.

Hjoed-de-dei is Praach benammen om syn ferskate boustilen in nijsgjirrich plak foar toeristen.

Skiednis [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

  • Praach waard stifte yn de 9e iuw .
  • 973, oprjochting Bisdom fan Praach.
  • 1784, gearfoeging fan de Alde sted, Nijsted, Mala Strana en Hrad?any.
  • 1918, Tsjechoslowakije wurdt unofhinklik mei Praach as haadsted.
  • 1968, Praachske maitiid .
  • 1993, Praach wurdt haadsted fan Tsjechje.
  • 2002, oerstreaming fan rivier de Moldau .

Transport [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Ruzyn? International Airport leit oan de westside fan de sted. Om troch de sted te reizgjen is der in goed netwurk fan trams , bussen en metro 's. De trije metrolinen (A-grien, B-giel, C-read) kruse inoar yn it sintrum fan de sted. Der binne mooglikheden om deikaarten of wykeinkaarten te keapjen foar tram, bus en metro.

Ferneamde ynwenners [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Keppeling om utens [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]