Portland (Maine)

Ut Wikipedy
Portland
Emblemen
            
Polityk
Lan Feriene Steaten
Steat Maine
County Cumberland County
Sifers
Ynwennertal 66.194 (2010)
Oerflak 179,9 km² (ynkl. wetter)
55,2 km² (allinnich lan)
Befolkingsticht. 1.199,7 / km²
Stedekloft 516.826 (2010)
Hichte 19 m
Oar
Stifting 1633
Tiidsone UTC -5
Simmertiid UTC -4
Koordinaten 43°39′36″N 70°15′18″W
Offisjele webside
www.portlandmaine.gov
Kaart
De lizzing fan Portland yn Cumberland County en de steat Maine .

Portland is de grutste sted yn 'e noardeastlike Amerikaanske steat Maine , en it haadplak fan it omlizzende Cumberland County . De sted leit oan 'e kust fan Maine, op it punt der't de rivier de Fore utmunet yn 'e Cascobaai . Neffens gevens fan 'e Amerikaanske folkstelling fan 2010 hie de sted doe goed 66.000 ynwenners, en in skatting ut 2012 lit sjen dat dat frijwol gelyk bleaun is. As de foarsteden en it heal ferstedske gebiet om Portland hinne meirekkene wurdt, komt it as stedekloft op in folle heger ynwennerstal fan rom 516.000 ut; dat is mear as in trede part fan 'e totale befolking fan Maine. De folle gruttere sted

Skiednis [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Portland waard stifte yn 1633 , en krige de status fan sted yn 1786 . It hiet earst fan Casco ( 1633 - 1658 ), doe fan Falmouth ( 1658 - 1786 ), en waard yn 1786 Portland neamd, nei it Ingelske eilan Portland , foar de kust fan it greefskip Dorset . ( Portland yn 'e Amerikaanske steat Oregon , oan 'e westkust, is nei Portland yn Maine ferneamd.)

Utsicht oer de Cascobaai .

Portland is yn syn skiednis troch ferskillende grutte branen teheistere; derfandinne dat it helmteken op it wapen fan 'e sted in feniks foarstelt dy't ut 'e jiske werriist, en dat it biedwurd fan Portland Resurgam is ( Latyn foar "Ik sil wer opstean"). Sa rekken by de Grutte Bran fan Portland , yn 1866 , dy't begun under de fiering fan 'e Amerikaanske Unofhinklikheidsdei , mear as 10.000 minsken dakleas.

Maine, dat oarspronklik in distrikt fan 'e steat Massachusetts wie, waard yn 1820 in selsstannige steat, mei Portland as haadsted. Yn 1832 waard de haadsted lykwols ferpleatst nei Augusta . Yn 'e Amerikaanske Boargeroarloch fun op 26 juny 1863 te Portland de Slach om de Haven fan Portland plak, it noardlikste militere treffen fan 'e hiele oarloch, doe't in Sudlike ofdieling under lieding fan kaptein Charles Read it stedsje binnenfoel en besit besocht te nimmen fan 'e haven.

Keppelings om utens [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: References en Further Reading , op dizze side .