한국   대만   중국   일본 
Populaasje (biology) - Wikipedy Springe nei ynhald

Populaasje (biology)

Ut Wikipedy

In populaasje is op it med fan biology en ekology in kloft organismen fan deselde soarte , dy't libje yn deselde tiid en itselde habitat , en dy't har derom (yn teory ) mei inoar fuortplantsje kinne. De populaasjegrutte hinget of fan trije dingen. Yn it foarste plak is der de fruchtberens en it bertesifer : it tal neikommelingen per yndividu. Oard de mortaliteit , te witten: de ofname fan it tal yndividuen yn in beskaat tiidsbestek troch stjerte . En tred migraasje : de utwikseling fan yndividuen mei oare populaasjes fan deselde soarte troch ymmigraasje (it ynkommen fan nije yndivuen fan buten of) en emigraasje (it utgean fan yndividuen nei buten ta).

Al dy eleminten binne ofhinklik fan 'e populaasjetichtens en wurde regulearre troch bioatyske faktoaren lykas de oanwezigens fan iten , de oanwezigens fan rofdieren en it foarkommen fan sykten , en teffens troch abioatyske faktoaren , lykas de minimum- en maksimumtemperatuer , de hoemannichte delslach en de doer fan 'e sniebedekking winterdeis .

De grutte fan in populaasje kin yn 'e rin fan 'e tiid fariearje, mar by in sune populaasje heart de grutte op 'en langen doer om in beskaat lykwicht hinne te skommeljen. Wannear't dat net sa is en de populaasje in delgeande trend fertoant om't it tal yndividuen dat der diel fan utmakket stadichoan lytser wurdt, bestiet it risiko dat de populaasje lang om let sa lyts wurdt dat er langer net libbensfetber is utstjert . Oarsom kin it ek foarkomme dat in populaasje in opgeande trend fertoant en oanhaldend yn yndividuen tanimt. Dat liket posityf, mar it is in teken dat der wat mis is mei it ekosysteem , spesifyk it untbrekken fan effektive predaasje . Uteinlik sil de populaasje sa grut wurde dat it ekosysteem it tal yndividuen net mear drage kin, wat ta in grutte stjerte liede sil troch te min iten .

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: References , op dizze side .