Plysje

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Plysjeman )
Boerd mei logo fan in Nederlansk plysjeburo

De plysje of polysje is yn in rjochtssteat de oerheidstsjinst dy't belestge is mei de hanthavening fan 'e iepenbiere oarder en feilichheid, it undersykjen en bestraffen fan (potinsjeel) strafbere feiten, de opspoaring fan kriminelen , direkte helpferliening en it jaan fan advys oer in ferskaat fan underwerpen, bgl. hoe't men jins hus it beste befeiligje kin tsjin ynbraak . Derby falt de plysje yn 'e regel under it ministearje fan Binnenlanske Saken .

Yn (Jeropeesk) Nederlan wie de plysje fan 1945 oant 1993 opdield yn twa ferskillende organisaasjes, de gemeenteplysje en de ryksplysje . Fanof 1993 is der noch mar ien, lanlike organisaasje, dy't oant 2013 opboud wie ut 25 regiokorpsen en in Korps Lanlike Plysjetsjinsten (KLPD). Per 1 jannewaris 2013 waard de plysje reorganisearre, sadat der doe ien lanlik plysjekorps untstie, mei 10 regionale ienheden, in lanlike Ienheid en twa understypjende tsjinsten yn 'e foarm fan in plysjetsjinstesintrum en de stef fan 'e korpslieding. Dernjonken hat Karibysk Nederlan it eigen Korps Plysje Karibysk Nederlan .

De plysje stiet by de hanthavening fan 'e iepenbiere oarder en by de utfiering fan 'e helpferlieningstaken under it gesach fan 'e pleatslike boargemaster . As de plysje strafbere feiten undersiket en de dieders opspoart, stiet er under it gesach fan 'e ofsier fan justysje (of, yn it gefal fan Karibysk Nederlan, under it gesach fan 'e mienskiplike prokureur-generaal fan Kurasau , Sint-Marten en Karibysk Nederlan ). De Keninklike Maresjesee , dy't ressortearret under it ministearje fan Definsje , kin fanwegen syn publyklike plysjetaken ek as in plysjekorps beskoge wurde.

Sjoch ek [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: References en Further reading , op dizze side .