Pleats

Ut Wikipedy
In kop-hals-romppleats
Gelderske pleats ut 1872

In pleats is it hus en de bedriuwsromte fan in buorkerij . Ek it lan , skuorren , it hiem , de stalen , ensfh. wurde faak under it wurd ferstien.

Yn Nederlan is der in grut ferskaat fan pleatsen. De pleatsen yn Fryslan of Grinslan binne oars boud as de pleatsen yn bygelyks Seelan of Limburch . De meast foarkommende pleats yn Fryslan is de saneamde kop-hals-romppleats . Yn Grinslan is it meast foarkommende soart pleats de stjelppleats .

In oar soarte pleats dat yn Fryslan wol foarkomt, benammen yn It Bilt , is in foarm fan de kop-hals-romppleats werby de wenning heaks op de stal stiet. Dit is de saneamde Biltske pleats .