한국   대만   중국   일본 
Pilotoflevering - Wikipedy Springe nei ynhald

Pilotoflevering

Ut Wikipedy

In pilotoflevering , fan it Ingelske wurd pilot (utspr.: ['pai?l?t], likernoch: "pai-lut") dat " loads " betsjut, is de earste, dubellange oflevering fan in tillefyzjesearje . Sa'n oflevering wurdt yn it foarste plak makke om te sjen oft in idee dat op papier goed liket, ek goed beteard as it yn produksje nommen wurdt. Dernjonken wurde pilotofleverings troch de produsinten ek brukt om 'e oangeande searje te ferkeapjen oan 'e omroppen . Sadwaande kin in pilotoflevering it beste beskoge wurde as in prototype fan 'e searje, net yn it leste plak om't it faak foarkomt dat beskate as unbefredigjend beskoge eleminten ut 'e pilotoflevering yn 'e searje, as dy makke wurdt, oanpast wurde.

Yn 'e Amerikaanske tillefyzjeyndustry wurdt mar fan justjes mear as in fjirdepart fan 'e produsearre pilotofleverings ek de byhearrende searje makke. De redens derfoar kinne weze dat it idee dat oan 'e searje te'n grunslach leit, de produsinten by neier ynsjen dochs offalt, of dat de produsinten simpelwei gjin omrop fine kinne dy't belangstelling foar de searje hat. Ferweesde pilotofleverings werfan't gjin searje makke wurdt, binne net hielendal wei; dy wurde faak noch ferkocht as tillefyzjefilms . As de byhearrende searje al makke wurdt, foarmet de pilotoflevering yn 'e regel de earste oflevering. Dat is lykwols net it gefal as der troch oanpassings dy't nei ofrin fan 'e produksje fan 'e pilotoflevering trochfierd binne sa'n soad ferskillen mei de eigentlike searje untstien binne dat dy it begryp fan 'e sjoggers yn 'e wei steane.

In spesjaal soarte pilotoflevering is de saneamde backdoorpilot ("efterdoarpilot"). Dy wurdt middenyn in al rinnende searje makke, werby't nije personaazjes yntrodusearre wurde. De bedoeling is om oan 'e han fan 'e reaksjes fan it publyk te sjen oft it de muoite leanje sil en meitsje mei dy personaazjes in spin-offsearje , dy't dan meiliftsje kin op it sukses fan 'e al besteande searje.

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: References , op dizze side .