Piloat

Ut Wikipedy
Piloaten yn in Boeing 777 .

In piloat is in persoan dy't aktyf en direkt in fleanend fleantuch of loftskip bestjoerd. Dizze term is in lienwurd ut it Ingelsk ( pilot ), der't it fan oarsprong de betsjutting fan loads hie. Dy Ingelske oantsjutting kaam wer fan it Nederlanske peillood (" peillead "), dat eartiids foar loadsen in unmisber stik ark wie.

Yn it gefal fan loftfeartpioniers wurdt ynstee fan piloat ek wol de term fleander brukt of hiel selden aviateur , en yn 'e boargerloftfeart wurdt soms ek wol sprutsen fan in ferkearsfleander . De term 'piloat' wurdt ek brukt foar de bestjoerder fan in romtefartuch lykas de Space Shuttle . De piloat underskiedt him dan fan 'e oare astronauten oan board troch it romtefartuch wier te bestjoeren, krekt sa't in piloat yn in fleantuch him (of har) op datselde med fan 'e rest fan 'e bemanning underskiedt.

As men romtefartugen en loftskippen buten beskoging lit, kinne piloaten yn twa haadkategoryen underbrocht wurde, nammentlik militere piloaten en boargerpiloaten. Militere piloaten kinne noch wer fierder underferdield wurde yn strieljagerpiloaten (of foarhinne jachtfleantuchpiloaten ), bommesmiterpiloaten , transportpiloaten en testpiloaten .

Amerikaansk piloat fan in F-16 .

Yn 'e boargerloftfeart wurde lytse privee-fleantuchjes troch ien piloat bestjoerd, mar grutte ferkearsfleantugen hawwe der twa, in gesachfierder (of captain ) en in ko-piloat of earste ofsier ( first officer of co-pilot ). Op lange ofstannen ( long haul ) komt it wol foar dat der ek noch in trede en soms in fjirde piloat meigeane, dy't dan oantsjut wurde as twadde ofsier ( second officer of co-co ) en trede ofsier ( third officer ). Ek as de ko-piloat noch yn oplieding is en de gesachfierder achte wurdt him de kneepkes fan it fak by te bringen, wurdt in trede piloat oan 'e bemanning tafoege om derop ta te sjen dat der neat mis giet wylst de gesachfierder him mei it underwizen fan 'e ko-piloat dwaande haldt.

Foarhinne hiene ferkearsfleantugen standert in bemanning fan fjouwer of fiif man yn 'e cockpit , mei't der dan ek noch in navigator , in boardwurktuchkundige en soms in markonist /radiotelegrafist meigie, hoewol't de funksjes fan dy leste ek wol ferfolle waarden troch de navigator. Tsjintwurdich binne de funksjes fan markonist en navigator oernommen troch de boardkompjuter , al fljocht der yn guon aldere tastellen noch wol in boardwurktuchkundige mei, dy't lykwols yn resintere fleanmasines ek ferfongen is troch automatisearre systemen.

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: References , op dizze side .