In skilderij fan Peter Stuyvesant.
Pieter Stuyvesant
(ek wol Peter of Petrus) (wierskynlik berne in
Pepergea
,
Weststellingwerf
,
1611
/
1612
?
New York
1672
) wie in
Frysk
koloniaal bestjoerder. Hy wie de leste
Nederlanske
bestjoerder fan
Nij-Nederlan
. Stuyvesant hat in wichtige rol spile yn de skiednis fan New York. Sa soarge hy under mear foar in grutte utwreiding fan de delsetting
Nij Amsterdam
op it sudlike part fan
Manhattan
. Inkele projekten fan Stuyvesant wienen de beskermingsmuorre op
Wall Street
, it kanaal dat letter
Canal Street
wurde soe en
Broadway
.
Oer Stuyvesant syn jonge jierren is net in protte wis. Der wurdt wol sein dat er yn
1592
of
1602
berne is, mar oer it algemien wurdt oannaam dat er om
1612
berne is yn Pepergea. De heit fan Stuyvesant, Balthazar Johannes Stuyvesant, wie dumny yn
Skerpenseel
der't hy dan ek opgroeid is. Stuyvesant syn mem wie Margaretha Hardenstein.
Stuyvesant komt yn Nij-Amsterdam oan
Om
1635
hinne waard Stuyvesant direkteur by de
West-Yndyske Kompanjy
en hie it befel oer de
ABC-eilannen
. Yn
1644
ferlear er in skonke yn in gefjocht my de
Spanjerts
op
Sint-Marten
, wernei't hy syn fierder libben mei in houten poat troch it libben moast.
Yn maaie
1645
waard hy selektearre by de West-Yndyske Kompanjy om
Willem Kieft
te ferfangen as
direkteur-generaal
fan
Nij-Nederlan
. Op
11 maaie
1647
kaam er yn Nij-Amsterdam oan wernei't er yn septimber
1647
direkteur-generaal fan de Nederlanske koloanje waard.
Yn 1645 troude Stuyvesant mei Judith Bayard (
1610
?
1687
) fan
Amsterdam
. Sy wie in suser fan
Samuel Bayard
, dy’t troude mei Anna Stuyvesant. Peter en Judith krigen yn
1648
in soan, Nikolaas Willem Stuyvesant, dy't
1698
stoar. Stuyvesant en syn famylje wienen grutgrunbesitters yn it noardeastlike part fan Nij-Amsterdam. Syn buorkerij, dy’t bekend stie under de namme ‘bouwerie’, is de nammejouwer fan de strjitte Bowery.
Stuyvesant wie de direkteur-generaal fan Nij-Nederlan oant
1664
, yn dat jier waard it gebiet troch de
Ingelsen
bemastere. De Ingelsken wienen mei fjouwer boaten nei Nij-Nederlan ta fearn. Op
30 augustus
1664
hie de guverneur
George Cartwright
in brief nei Stuyvesant stjoerd om himsels oer te jaan. Op
9 septimber
fan dat jier tekene Stuyvesant op syn Bouwerij in ferdrach mei de Ingelsen.
Nei syn rin as direkteurgeneraal libbe hy de rest fan syn libben op syn buorkerij. Dat hus waard yn
1777
troch in bran ferwoaste. Stuyvesant boude ek noch in grut hearehus fan stien, mei de namme
Whitehall
. Stuyvesant ferstoar yn
augustus
1672
, hy waard begroeven yn de
Sint Mark’s Tsjerk yn-de-bouwerij
yn Manhattan.
It stanbyld fan Stuyvesant yn Wolvegea.
Yn Nederlan hat Stuyvesant in trije-tal monuminten krigen. Yn
Wolvegea
stiet in stanbyld fan Stuyvesant mei syn houten poat. Yn Pepergea stiet in monumint mei in boat fan Stuyvesant op in stien. Ek yn Skerpenseel stiet in monumint. It byld is in meter as seis heech, ek derop stiet yn boat.
- Stuyvesant wie in grut foarstanner fan goede edukaasje. Yn
1660
waard hy sitearre mei: “Neat hat in gruttere betsjutting as de ynstruksje fan jonge bern.” Yn
1661
hie Nij-Amsterdam 31 skoallen. Om de grutte betsjutting fan Stuyvesant op dat med te earen waard de
Stuyvesant Hege Skoalle
yn Manhatten nei him ferneamd.
- Stuyvesant syn namme komt noch in protte foar yn it deistich libben yn New-York. Sa is der in hegeskoalle nei him ferneamd en hat hy syn eigen strjitte: Stuyvesant Street. Ek komt syn namme werom yn de wenwyk
Stuyvesant Town
. De namme fan syn buorkerij komt ek in protte foar. Bygelyks yn de tsjerke wer't hy begroeven is: Sint Mark’s Tsjerke yn-de-bouwerij.
- Fan Stuyvesant wurdt sein dat hy tee yntrodusearre hat yn de
Amerikaanske
koloanjes.
- Yn syn jonge jierren fierde Stuyvesant de namme Peter, mar letter waard dy yn it Latynske Petrus feroare. Yn de
19e iuw
feroaren de Amerikanen de namme ta Peter. Dy namme is by it libben fan Stuyvesant nea brukt.
- Hjoeddeis bringt
American Tobacco
in sigarettemerk ut under de namme Peter Stuyvesant.