한국   대만   중국   일본 
Pieter Jan Tichelaar - Wikipedy Springe nei ynhald

Pieter Jan Tichelaar

Ut Wikipedy

Pieter Jan Tichelaar ( Makkum , 28 juny 1928 - dere, 26 augustus 2020 [1] ), wie direkteur fan BV Tichelaar fan 1964 oant 1985.

Nei in studzje Skiekunde yn Delft kaam er by de Keninklike Tichelaar Makkum . Oprjochter en konservator fan de stichting Frysk Ierdewurk-Museum De Waach en oprjochter fan de VVV-Makkum. Ald-bestjoerslid fan ynstellingen op museaal med, fan de feriening Klaaiyndustry Nederlan en fan de Algemiene Feriening fan Ierdewurkfabriken. Stimulearre behald fan de Makkumer buorren. Hy wist it bedriuw frijwat ut te wreidzjen mei de produksje fan fliertegels en dakpannen en wurke mei oan publikaasjes op it med fan (Makkumer) diggelguod. Hy wie fan 1959 oant 1985 aktyf yn it bedriuw. [2]

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Aardewerkkenner Pieter Jan Tichelaar overleden , Ljouwerter Krante, 1 septimber 2020]
  2. Afstoten sieraardewerk Tichelaar zonder emotie . Frysk Deibled , 21 febrewaris 2013