Philip, hartoch fan Edinburgh

Ut Wikipedy
prins Philip, hartoch fan Edinburgh
aadlik persoan en/of hearsker
Prins Philip yn 1992
Prins Philip yn 1992
echte namme Philip Mountbatten
nasjonaliteit Britsk
bertedatum 10 juny 1921
berteplak Korfu ( Keninkryk Grikelan )
stjerdatum 9 april 2021
stjerplak Windsor ( Ingelan )
dynasty ? Hus Sleeswyk-Holstein-Sonderburg-Glucksburg
? Mountbatten
etnisiteit ? Gryksk
? Deensk
? Dutsk
? Ingelsk
? Skotsk
? Russysk
Prins-gemaal
amtsperioade 1952-2021
foargonger Elizabeth Bowes-Lyon
opfolger Camilla Parker Bowles
Hartoch fan Edinburgh
amtsperioade 1947-2021
foargonger gjint
opfolger Charles III
It wapen fan prins Philip

Prins Philip, hartoch fan Edinburgh ( Korfu , 10 juny 1921 - Windsor , 9 juny 2021 , berne as prins Filippos fan Grikelan en Denemark wie fan 1947 of oant syn ferstjerren de man fan keninginne Elizabeth II fan it Feriene Keninkryk . Hy waard berne yn de Grykske en Deenske keninklike famyljes. Hy waard berne yn Grikelan , mar doe't er 18 moanne ald wie, moast syn famylje ut Grikelan wei flechtsje. Sunt de dei fan syn houlik wie er hartoch fan Edinburgh, baron fan Greenwich en greve fan Merioneth. Yn 1957 waard er ek Prins fan it Feriene Keninkryk . Ofstammelingen fan Philip en Elizabeth, dy't gjin keninklike titels holden, holden de efternamme Mountbatten-Windsor oan.

Jonkheid en oplieding [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De filla Mon Repos op Korfu der't Philip berne waard
De HMS Valiant , der't Philip op tsjinne hie yn de slach yn de Middellanske See

Philip waard berne as Filippos ( Gryksk : Φ?λιππο?) fan Grikelan en Denemark (Gryksk: Πρ?γκιπα? Φ?λιππο? τη? Ελλ?δο? και Δαν?α?), soan fan prins Andreas fan Grikelan en prinsesse Alice fan Battenberg yn de filla Mon Repos op it eilan Korfu . Hy wie de jongste fan fiif bern en de iennige jonge. Syn aldere susters wiene Margaretha , Theodora , Cecilia en Sophia , dy't as jongste fan de susters san jier alder as Philip wie. As lid fan it Hus fan Sleeswyk-Holstein-Sonderberg-Glucksburg wie er prins fan Denemark en Grikelan allyk. Syn pake fan heitekant, George I fan Grikelan , wie de soan fan kening Kristiaan IX fan Denemark .

De skoalle Gordonstoun yn Skotlan der't Philip studearre hie

Trije moanne nei't Philip berne waard, ferstoar syn pake oan memmekant, Loadewyk fan Battenberg , dy't yn 1917 syn famyljenamme feroare hie yn Mountbatten , in feringelske foarm fan Battenberg , om reden fan it antydutske sentimint dat doe geande wie yn Ingelan. Syn dochter Alice, Philip syn mem, hie de namme lykwols noch net feroare om't hja doe yn Grikelan wenne. Alice en de lytse Philip reizgen nei Londen foar de begraffenis, wylst prins Andreas yn Grikelan bleau, om't de Gryksk-Turkske Kriich yn folle gong wie. Dy kriich run net goed of foar de Griken en op 22 septimber 1922 waard Philip syn omke, kening Konstantyn I twongen ofstan fan de troan te dwaan. It nije militere bewald arrestearre de keninklike famylje, werunder prins Andreas. Yn desimber waard prins Andreas ferballe, en ferhuze er mei syn famylje nei Frankryk , der't se yn in hus wenje mochten dy't ta beskikking steld waard troch Philip syn muoike Marie Bonaparte , de frou fan syn omke George . Om't er sa jong syn heitelan ferliet, spruts er lykwols gjin Gryksk . Yn in ynterview yn 1962 sei er dat er it foar in part begriep, mar dat er him eartiids Skandinaavjer , benammen Deensk, fielde. Syn famylje spruts yn syn jongerein Ingelsk , Fransk en Dutsk .

Hy waard ynearsten nei de Amerikaanske skoalle yn Parys stjoerd, mar waard yn 1928 nei it Feriene Keninkryk stjoerd en gean der nei skoalle. Hy utfanhuze by syn beppe Victoria Mountbatten op it Kensington-paleis en by syn omke George Mountbatten op Lynden Manor yn Bray . Yn de trije folgjende jierren trouden al syn fjouwer susters mei Dutske prinsen. By syn mem Alice waard skizofreny feststeld en hja moast tenei yn in ynrjochting ferbliuwe. Syn heit Andreas festige him yn Monte Carlo . Fierders hie Philip yn syn bernetiid net folle kontakt mei syn mem. Yn 1933 waard er nei Dutslan stjoerd nei de skoalle Schule Schloss Salem dy't fan syn sweager Berthold fan Baden wie. De oprjochter fan dy skoalle, Kurt Hahn , flechte nei it opkommen fan it nazisme ut Dutslan wei en festige him yn Skotlan der't er de skoalle Gordonstoun stifte, der't Philip nei twa trimesters ek hinne gie. Yn 1937 kamen syn suster Cecilia, dy't swier wie, har man, twa bern en skoanmem om it libben by in fleantuchungemak by Oostende yn Belgje . De doe sechttjinjierrige Philip gie nei harren begraffenis yn Darmstadt ta. Nei't er ofstudearre hie, gie er nei Dartmouth en folgje in oplieding by de Britske marine. Yn de Twadde Wraldkriich tsjinne er yn de Britske marine, wylst syn sweagers Berthold en Kristoffel yn it Dutske leger tsjinnen. Philip rekke belutsen by under oaren de laning op Kreta .

Houlik en bern [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Prins Philip en prinsesse Elizabeth op besite yn Kanada mei minister-presidint Louis Saint-Laurent .
It kroaningsportret fan keninginne Elizabeth II en de hartoch fan Edinburgh yn 1953

Yn 1939 makken kening George VI en keninginne Elizabeth in besite oan Dartmouth. By de besite fregen de keninginne en Louis Mountbatten oan Philip de prinsessen Elizabeth en Margaret run te lieden. Elizabeth en Philip wiene yn de fierte oaninoar besibbe; hja wiene beide neikommelingen fan keninginne Fiktoaria . Philip is in oerbeppesizzer fan Fiktoaria har dochter, prinsesse Alice , en Elizabeth is in oerpakesizzer fan Fiktoaria har aldste soan, kening Edward VII . Der wie noch in oare famyljeban oer kening Kristiaan IX fan Denemark , dy't de oerpake fan Philip wie en de oeroerpake fan Elizabeth. Hoewol't Elizabeth noch trettjin jier ald wie, rekke se fereale op Philip en begun se brieven mei him te skriuwen. Yn de simmer fan 1946 frege Philip oan kening George IV de han fan syn dochter, dy't it fersyk goedkarde op betingst dat de ferloving offisjeel wurde soe yn april 1947 doe't Elizabeth 21 jier ald weze soe.

Yn 1947 die er ofstan fan syn Grykske en Deenske titels en waard er Britsk steatsboarger. Hy naam de famyljenamme Mountbatten oan, dy't syn omkes George en Louis en syn muoike Louise al sunt 1917 oannommen hiene. Op 10 july 1947 waard de ferloving buorkundich makke. Hja boasken op 20 novimber fan dat jier yn de Abdij fan Westminster en doe waard Philip in Britske " Keninklike Heechheid ", hartoch fan Edinburgh , greve fan Merioneth en baron fan Greenwich. Om't de Twadde Wraldkriich noch mar twa jier dien wie, waarden syn trije susters, dy't yn Dutslan wennen, net utnuge foar de brulloft. Nei harren brulloft sette se harren ta wenjen yn it Clarence House .

Nei harren houliksreis sette Philip syn rinbaan by de marine fuort en waard er yn 1949 op Malta stasjonearre. Yn 1951 waarden hy en Elizabeth troch it Privy Council hjitten nei kanada te reizgjen om kening George IV te ferfangen, om't dy syn sunens efterut oan it buorkjen wie. Yn ier 1952 setten se utein mei in offisjele reis troch it Britske Mienebest . Doe't se yn Kenia wiene, krigen se op 6 febrewaris 1952 it berjocht dat de kening ferstoarn wie. Hja kearden fuortendaliks werom nei Ingelan.

Hja krigen fjouwer bern:

Prins-gemaal [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Mei de keninginne yn Cambridge (Nij-Seelan) yn 1954

Nei't Elizabeth keninginne waard, kaam de nammekwestje wer op it aljemint. It wie ornaris it gebruk yn it Feriene Keninkryk dat de namme fan de man oannommen wurdt. Nei de dea fan keninginne Fiktoaria wie dat ek it gefal doe't kening Edward VII de namme fan syn heit Saksen-Coburg-Gotha , it lettere Hus Windsor , oannaam. Lord Mountbatten woe graach de namme Hus Mountbatten ynfiere, wylst Philip sels it Hus Edinburgh foarstelde, dus nei syn hartochlike titel. Doe't keninginne Mary , de beppe fan Elizabeth, deroer hearde, liet se it dat yn lilkens oan minister-presidint Winston Churchill witte, dy't de keninginne witte liet dat de dynasty it Hus Windsor bliuwe moast. Philip wie der alhiel net wiis mei en klage dat er de iennige man yn it lan wie dat er syn bern syn namme net jaan koe, wylst er sels de namme fan syn mem oannommen hie. Yn 1960 doe't keninginne Mary al in stikmannich jierren derfoar ferstoarn wie, en Churchill gjin premier mear wie, besleat Elizabeth, justjes foar de berte fan harren twadde soan Andrew, dat allinnich de troanopfolger de namme Windsor drage soe, en harren oare bern en ofstammelings de namme Mountbatten-Windsor.

Op besite by de Universiteit fan Salford yn 1967

Fan 1956 oant 1957 reizge Philip, sunder syn frou, oer de wrald hinne op de Britannia en iepene yn 1956 de Olympyske Spullen yn Melbourne . Hy reizge ek nei Antarktika en waard dermei de earste keninklike dy't yn de Sudpoalsirkel wie. Op 22 febrewaris 1957 krige er de titel Britske prins en waard fan doe of "Syn Keninklike Heechheid Prins Philip, hartoch fan Edinburgh".

Syn omke Louis Mountbatten kaam yn 1979 om it libben by in terreuroanslach fan de IRA . Nei't syn soan Charles yn 1980 in relaasje oangie mei Lady Diana Spencer , trunde Philip derop oan dat er har freegje soe om him te boaskjen of de relaasje te beeinigjen. Charles tocht dat er under druk fan syn heit stie, en dus frege er Diana him te boaskjen. Charles en Diana krigen twa soannen, mar it houlik run al rillegau yn it neigean. Yn 1992 giene se utinoar en yn 1996 skaten se offisjeel. In jier letter kaam Diana om it libben by in auto-ungemak yn Parys, tagelyk mei har doetiidske freon Dodi Fayed . Dodi syn heit Mohamed Fayed beskuldige prins Philip derfan dat er efter it ungemak sitte soe en opdracht jun hie foar in moard op Diana. Nei in wiidweidich justysjeel undersyk waard yn 2008 ta einbeslut oerienkaam dat Philip net foar Diana har dea ferantwurdlik wie.

Fuortendaliks nei it ferstjerren fan Diana, holden Philip en keninginne Elizabeth Diana har twa soannen, William en Harry , buten it publike each, sa't se in privee rouwe koene. De keninklike famylje hold him ynearsten ek ofsunderlik, ta alteraasje fan it publyk. Dat feroare doe't keninginne Elizabeth fiif dagen letter in streekrjochte taspraak op tillefyzje hold. William en Harry wiene ynearsten net wis dat se efter Diana har kiste rinne woene yn de begraffenisstaasje. Philip sei tsjin William: "Ast it net dochst, dan silst der skielk faaks spyt fan krije. As ik rin, wolst dan mei my meirinne?" Yn de begraffenisstaasje runen Philip, Charles, William, Harry en Diana har broer Charles Spencer efter de auto mei de kiste oan.

Prins Philip yn Berlyn yn 2015

Op 2 augustus 2017 hold Philip syn leste offisjele publike plicht. Hy besleat dernei om net mear iepenbiere funksjes te dwaan, mar woe sa no en dan oanwezich weze by offisjele gearkomsten. Oant dy deis hie er neffens Buckingham Palace , sunt syn frou Elizabeth kroane waard, by 22.219 offisjele gearkomsten west, 637 reizen makke allinnich, 5496 taspraken holden, fjirtjin boeken skreaun, en wie er boppedat foarsitter, beskermhear en lid fan 785 organisaasjes, Yn 2016 wie er noch 110 dagen fan it jier oanwezich by publike gearkomsten.

Yn novimber 2017 wiene Philip en Elizabeth 70 jier troud en wie it earste keninklike pear ea sa lang troud.

Op 17 jannewaris 2019 feroarsake de doe 97-jierrige Philip in auto-ungemak by Sandringham House . Dejingen yn de auto dy't er oanried rekken licht ferwune. Sels wie er net skeind. Yn febrewaris fan dat jier levere er syn rydbewiis frijwillich yn.

Ferstjerren [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Buckingham Palace op 9 april 2021:de flagge hinget healstok

Philip ferstoar op it Kastiel fan Windsor moarns op 9 april 2021 , twa moanne foar syn hundertste jierdei. Philip wie by syn ferstjerren de langst libjende man fan it Britse keningshus, en de tredde langst libjende nei prinsesse Alice, hartoginne fan Gloucester en syn skoanmem Elizabeth. De deis nei syn ferstjerren waarden de flaggen op oerheidsgebouwen yn de measte Mienebestlannen healstok hongen. Yn de steden Londen , Edinburgh , Cardiff en Belfast , de Britske kroankoloanje Gibraltar , de Australyske haadsted Canberra , de Nijseelanske haadsted Wellington en fan stikmannich Britske marineskippen of waarden op 10 april 41 salutskotten offjurre ta syn neitins. Philip woe gjin steatsbegraffenis. De begraffenis waard holden |op 17 april yn St. George's Chapel yn it Kastiel fan Windsor.

Stambeam [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Philip Mountbatten,
Hartoch fan Edinburgh

(1921-2021)
Heit:
Andreas fan Grikelan
(1882?1944)
Pake:
kening George I fan Grikelan
(1845?1913)
Oerpake:
kening Kristiaan IX fan Denemark
(1818?1906)
Oerbeppe:
prinsesse Louise fan Hessen-Kassel
(1817?1898)
Beppe:

gruthartoginne Olga fan Ruslan
(1851?1926)
Oerpake:
gruthartoch Konstantyn Nikolajevytsj fan Ruslan
(1827?1892)
Oerbeppe:
prinsesse Aleksandra fan Saksen-Altenburg
(1830?1911)
Mem:
prinsesse Alice fan Battenberg
(1885?1969)
Pake:
prins Loadewyk Aleksander fan Battenberg
(1854?1921)
Oerpake:
prins Aleksander fan Hessen-Darmstadt
(1823?1888)
Oerbeppe:
Julia fan Hauke
(1825?1895)
Beppe:
prinsesse Fiktoaria Maria fan Hessen-Darmstadt
(1863?1950)
Oerpake:
gruthartoch Loadewyk IV fan Hessen-Darmstadt
(1837?1892)
Oerbeppe:
prinsesse Alice fan Saksen-Coburg-Gotha
(1843?1878)

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch nei: Notes , References en Works cited op dizze side .