한국   대만   중국   일본 
Peter Paul Rubens - Wikipedy Springe nei ynhald

Peter Paul Rubens

Ut Wikipedy
Peter Paul Rubens

Peter Paul Rubens ( Siegen , 28 juny 1577 ? Antwerpen , 30 maaie 1640 ) wie in keunstskilder , tekener en diplomaat , warber yn Antwerpen, en is sunder mis de populerste master ut de Barok -perioade. Hy wurdt ek wol Pieter Paul , Pieter Pauwel of Petrus Paulus neamd.

Rubens skildere yn in golle Barokke styl dy't de klam lei opbeweging, kleur en gefoeligens. Hy is fermeamd om syn Kontrareformaasje alterstikken , portretten, lanskippen en histoarjestikken mei mytologyske en allegoryske underwerpen.

Styl [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De styl fan Rubens is sekuer te omskriuwen, hy hearde ommers ta de Antwerpske Skoalle ut de iere 17e iuw . Rubens' oeuvre wurdt skaaimerke troch de triomfearjende kontrareformatoaryske barok. Rubens is nei alle gedachten de wichtichste fertsjintwurdiger fan de Flaamske barok, alhoewol't er dudlik Italjaanske ynfloed undergien hat. Guon fan syn portretten hawwe wol wat fan it absolutisme , mar in protte eks-voto's bliuwe dochs trou oan harren Flaamske aard.

Rubens krige in goede oplieding en wie in betuft fakman. Alles waard yn detail taret, in soad studzjes yn oaljeferve en tekeningen tsjugje derfan. Ut de detaillearre sketsen dy't bewarre bleaun binne docht bliken dat Rubens syn wurk yn fasen ofwurke.

Rubens mocht graach foarske froulju skilderje. De term 'Rubenesque' en 'Rubensiaansk' is algemien tapast wurden foar wieldrige, foarske froulju.

Learlingen [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Galery [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Musea mei wurk fan Rubens [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Belgje en Nederlan:

Butenlanske musea:

Fierder leze [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

  • Heinen, Ulrich, "Rubens zwischen Predigt und Kunst." Weimar 1996 .
  • Buttner, Nils, Herr P. P. Rubens. Gottingen 2006.
  • Corpus Rubenianum Ludwig Burchard. An Illustrated Catalogue Raisonne of the Work of Peter Paul Rubens Based on the Material Assembled by the Late Dr. Ludwig Burchard in Twenty-Seven Parts , Redigearre troch it Nationaal Centrum Voor de Plastische Kunsten Van de XVI en de XVII EEUW. * Lilar, Suzanne , Le Couple (1963), Paris, Grasset; Reedited 1970, Bernard Grasset Coll. Diamant, 1972, Livre de Poche; 1982, Brussels, Les Eperonniers, ISBN 2-87132-193-0 ; Translated as Aspects of Love in Western Society in 1965, by and with a foreword by Jonathan Griffin, New York, McGraw-Hill, LC 65-19851.
  • Vlieghe, Hans, Flemish Art and Architecture 1585-1700 , Yale University Press, Pelican History of Art, New Haven and London, 1998.

Keppelings om utens [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Commons  Commons: Peter Paul Rubens  ? foto, fideo en harktriemmen