Karspel

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Parochy )

Karspel of kerspel ( Aldfrysk : zerskspel, zerkspul, ziurkspil ) is de midsiuwske namme foar parochy, tsjerkedoarp of tsjerkegemeente.

It karspel as gebiet fan in parochy of tsjerklike gemeente wie fanalds part fan de tsjerklike organisaasje fan in bisdom. De grinzen datearje faak ut de 11e of 12e iuw . Fanwege befolkingsgroei en untginning fan woaste grun of spjalting waarden dy grinzen wizige. Nei de reformaasje kaam it by de protestantsk wurden parochys ek ta grinsferoarings. Omdat de grinzen fan in karspel meast deselde wienen as dy fan it richteramt of skoutambt wurdt it wurd karspel ek wolris as synonym derfoar brukt.

Fan de 16e iuw of waard it begryp karspel hieltyd mear brukt om de bestjoerlike ienheid oan te tsjutten dy't nei de Bataafske Revolusje 1795 de boargerlike gemeente foarmje soe. Somtiids binne by de foarming fan de gemeenten karspels gearfoege ta ien gemeente.

Yn geografyske nammen komt karspel faak foar. Bygelyks wie it gebiet om de sted Swol hinne oant 1967 in selsstannige gemeente under de namme Swollerkerspel en bestie oant 1966 besuden Weesp de gemeente Weesperkarspel .

Ek de nammen fan de gemeentes Achtkarspelen (de acht tsjerkedoarpen dy't ta it Bisdom Munster hearden) en Harenkarspel ( Noard-Hollan ) en in tal Noard-Hollanske plakken ferwize noch nei de tsjerklike skiednis. Soms falt in karspel under de parochy fan in plak mar leit it yn in oare gemeente.

Streekoantsjuttingen foar it gebiet dat gearfoel mei it karspel of dat it nivo boppe of under it kerspel foarme, binne under oaren:

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Wikipedia nl:, Kerspel

Brouwer, J.H., en oaren (red.) , Encyclopedie van Friesland , Amsterdam: Elsevier 1958, kerspel .