한국   대만   중국   일본 
Palermo - Wikipedy Springe nei ynhald

Palermo

Ut Wikipedy
Palermo
Flagge Wapen
Polityk
Lan Itaalje
Regio Sisylje
Provinsje Palermo
Sifers
Ynwennertal 678.492 (2013)
Oerflak 158 km² (ynkl. wetter)
Befolkingstichtens 4.294 / km²
Stedekloft (2012)
Hichte 10 m
Oar
Stifting 736 f.Kr.
Tiidsone UTC -5
Simmertiid UTC-4
Webside Webstee fan de gemeente Palermo
Dizze side giet oer de sted op Sisylje . Foar oare betsjuttings, sjoch: Palermo (betsjuttingsside) .

Palermo ( Sisyljaansk : Palermu ) is de haadsted fan it Italjaanske eilan Sisylje en fan de provinsje Palermo dat krekt besuden it Italjaansk skiereilan leit. De sted leit yn it noardwesten fan it eilan, oan de Tyrreenske See dat wer in part is fan de Middellanske See . Mei 686.551 ynwenners ( 1998 ) is dat it op de fjirde sted fan Itaalje.

Palermo is in universiteitssted .

Ferfier [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Op sa'n 30 kilometer ofstan fan de sted leit in fleanfjild: "Falcone e Borsellino". Mei de trein kinne oare parten fan it eilan maklik berikt wurde. Fierders beskikt de sted oer in wichtige haven.

Koarte skiednis fan Palermo [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Yn de 7e of 8e iuw f.Kr. waard op it plak fan de sted in koloanje stifte troch Foenisiers . Letter kamen der de Griken te wenjen dy't de sted Panormos neamden, wat folsleine haven yn it Gryksk betsjut, en dat letter de Latynske namme Panormus krige soe.

De Romeinen oermastere Palermo tidens de earste Punyske oarloch . Nei de Romeinske tiid hearde Palermo in skoftsje by it Fandaalske ryk . Doe't dat Germaanske ryk ferneatige waard troch it Eastromeinske Ryk kaam it under it bewald fan de Byzantinen .

Nei 831 krige Palermo te meitsjen mei de Arabyske oerhearsing, en waard it ien fan wichtichste steden fan de destiidske wrald. Inkele jierren letter, sunt 1072 , oerhearsken de Noarmannen de sted. In protte fasetten fan dizze rike skiednis is yn de sted noch hieltyd werom te finen.

Nijsgjirrichheden yn en om Palermo [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

  • Archeologysk museum, "Museo Archeo logico Regionale"
  • Ignazio Mormino: museum fan keunst en archeology
  • Paleontologysk museum
  • Regionale galery fan Sisylje
  • Risorgimento: museum
  • Oratorio del Rosario di Santa Cita, oratorium
  • Teatro Biondo
  • Teatro Massimo
  • San Domenico, Basiliek, ien fan de nijsgjirrichste baroktsjerken fan Palermo
  • Piazza Marina, haadplein yn ald-Palermo yn de wyk Kalsa mei in protte palazzo's mei:
    • Santa Maria della Catena
    • Piazza Marina, plein
    • Museo Internazionale delle Marionette, marionettenpoppenmuseum
    • La Gancia, tsjerke
    • Palazzo Abatellis, mei in protte keunst
  • Catacombe
  • Monte Pellegriono, 429 hege berch yn natuerpark