한국   대만   중국   일본 
Paladine Roye - Wikipedy Springe nei ynhald

Paladine Roye

Ut Wikipedy
Paladine Roye
keunstner
persoanlike bysunderheden
echte namme Paladine H. Roye
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 8 desimber 1946
berteplak White Eagle ( Oklahoma )
stoarn 25 maaie 2001
stjerplak Enid ( Oklahoma )
etnisiteit Ponka
wurkpaad
wurksum as keunstskilder
medium akrylferve, wetterferve
jierren aktyf 1979 ? 2001
offisjele webside
n.f.t.

Paladine Roye (folut: Paladine H. Roye ; White Eagle ( Oklahoma ), 8 desimber 1946 ? Enid ( Oklahoma ), 25 maaie 2001 ) wie in Amerikaansk keunstskilder fan etnysk Yndiaansk komof.

Libben en karriere [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Roye waard yn 1946 berne yn White Eagle , yn 'e Amerikaanske steat Oklahoma as de soan fan Thurston Page Roye en dy syn frou Doris. Hy wie in folbloed Ponka - Yndiaan en in lid fan 'e federaal erkende Ponka Stamme fan Oklahoma . Syn Yndiaanske namme wie Poⁿcici , dat safolle betsjutte soe as "ien om foar op te passen". Roye trochrun 'e middelbere skoalle yn Ponca City , deunby syn berteplak, en tsjinne neitiid under de Fjetnamoarloch yn it Amerikaanske Leger .

Yn 1979 lei Roye him foltiids ta op in karriere as keunstskilder . Derby makke er benammen gebruk fan akrylferve , wetterferve , gouache en prints . Hy wurke ek faak gear mei syn aldere broer, Burgess Roye . Roye syn wurk krige foar it earst yn 1982 bekendheid by in breder publyk doe't it Histoaryske Genoatskip fan Garfield County en it Museum fan de Sjeroky Stripe under in 'Yndiaanske wike' yn it ramt 'e fiering dat Oklahoma 75 jier earder in Amerikaanske steat wurden wie, wurk fan sawol him, as syn broer Burgess en syn mem tentoanstelden.

Sunt dy tiid is Roye syn wurk yn ferskate musea eksposearre, en teffens is it ofprinte yn ferskillende publikaasjes, lykas Medina ( 1981 ), The Indian Trader ( 1982 ) en Southwest Art ( 1989 ). Teffens wie syn wurk te sjen yn 'e dokumintere Native American Images , fan Carol Patton Cornsilk , ut 1984 . Yn 1988 wun Roye de earste priis by de Yndiaanske keunstwedstryd op it Red Earth Festival yn Oklahoma City . Wurk fan sines makket diel ut fan 'e feste kolleksjes fan it Gilcrease Museum yn Tulsa ; it Cherokee National Museum yn Tahlequah , en it Heard Museum yn Phoenix .

Yn 1996 makken Paladine en Burgess Roye grutte muorreskilderings op it gerjochtsgebou fan Garfield County as taakstraf dy't se oplein krigen hiene foar riden under ynfloed . Paladine Roye kaam op 25 maaie 2001 yn Enid , yn Oklahoma , te ferstjerren, yn 'e alderdom fan 54 jier.

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: Notes en References , op dizze side .