한국   대만   중국   일본 
Pake- en beppesizzer - Wikipedy Springe nei ynhald

Pake- en beppesizzer

Ut Wikipedy

In pake- en beppesizzer is de beneaming foar in bern fan in bern. Hjirby giet it yn ofstamming om 'e trede generaasje , rekkene fan 'e pake en beppe of. Dit is in foarm fan twaddegraads besibskip . Pake- en beppesizzers kinne underskaat wurde yn pakesizzers (yn ferhalding ta de pake ) en beppesizzers (yn ferhalding ta de beppe ). It is hoe dan ek in geslachtsneutrale oantsjutting, dy't dus neat seit oer it geslacht fan 'e pake- en beppesizzers. Oars as it Nederlansk ( kleinzoon , kleindochter ) en it Ingelsk ( grandson , granddaughter ) beskikt it Frysk net oer in wurd dat it geslacht fan 'e pake- en beppesizzers dudlik makket. It opdwaanderige 'pake- en beppesister' is grammatikaal mooglik, mar wurdt nea brukt. In like geslachtsneutrale, minder omslachtige, mar ek minder gongbere oantsjutting foar pake- en beppesizzers is bernsbern .

In oerpake- en -beppesizzer of bernsbernsbern is de beneaming foar in bern fan in bern fan in bern. Dat is in foarm fan treddegraads besibskip , werby't it giet om 'e fjirde generaasje, rekkene fan 'e oerpake en -beppe of. In betoerpake- en -beppesizzer , oeroerpake- en -beppesizzer of bernsbernsbernsbern is de beneaming foar in bern fan in bern fan in bern fan in bern. Dat is in foarm fan fjirdegraads besibskip , werby't it giet om 'e fyfde generaasje, rekkene fan 'e betoerpake en -beppe of. By eltse fierdere generaasje komt der ien kear mear "oer-" foar "oerpake- en -beppesizzer" te stean.

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: References , op dizze side .


Besibskip
earstegraads besibskip
alden  ( heit  ? mem ) | bern  ( soan  ? dochter ) | sibling  ( broer  ? suster )
twaddegraads besibskip
pake en beppe  ( pake  ? beppe ) | pake- en beppesizzer  | omke  | muoike  | omke- en muoikesizzer  | healsibling  ( healbroer  ? healsuster )
treddegraads besibskip
oerpake en -beppe  ( oerpake  ? oerbeppe ) | oerpake- en -beppesizzer  | aldomke  | aldmuoike  | aldomke- en -muoikesizzer  | neef  | nicht  | healomke  | healmuoike
fjirdegraads besibskip
betoerpake en -beppe  ( betoerpake  ? betoerbeppe ) | betoerpake- en -beppesizzer  | oeraldomke  | oeraldmuoike  | oeraldomke- en -muoikesizzer  | efterneef  | efternicht
skoanfamylje (gjin biologyske besibskip)
oarehelte  ( man  ? frou ) | skoanalden  ( skoanheit  ? skoanmem ) | sweager  | skoansuster  | skoanbern  ( skoansoan  ? skoandochter ) | oantroude omke  | oantroude muoike
styffamylje (gjin biologyske besibskip)
styfalder  ( styfheit  ? styfmem ) | styfbern  ( styfsoan  ? styfdochter ) | styfsibling  ( styfbroer  ? styfsuster ) | styfpake  | styfbeppe  | styfpakesizzer  | styfbeppesizzer  | styfomke  | styfmuoike  | styfomkesizzer  | styfmuoikesizzer
oar
adopsje  | allinnichsteande alder  | bloedsibskip  | famylje  | foaralden  | foarbern  ( foarsoan  ? foardochter ) | generaasje  | gesin  | hushalding  | ienlingsbern  | neiteam  | oansibskip  | oerwun bern  | ofstamming  | pleechgesin  | probandus  | list fan beneamings foar generaasjes