Owen Gleiberman

Ut Wikipedy
Owen Gleiberman
persoanlike bysunderheden
echte namme Owen Gleiberman
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 24 febrewaris 1959
berteplak Lausanne ( Switserlan )
etnisiteit Joadsk
wurkpaad
berop/amt filmkritikus , publisist
jierren aktyf 1981 ? no
offisjele webside
Owen Gleiberman op Twitter

Owen Gleiberman ( Lausanne , 24 febrewaris 1959 ) is in Amerikaansk filmkritikus en publisist . Hy is de haadfilmkritikus fan it foaroansteande tydskrift Variety .

Libben en karriere [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Jonkheid en oplieding [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Gleiberman, dy't fan etnysk Joadske komof is, waard yn 1959 yn it Switserske Lausanne berne ut Amerikaanske alden . Hy waard grutbrocht yn Ann Arbor , yn 'e Amerikaanske steat Michigan . Hy studearre oan 'e Universiteit fan Michigan .

Karriere [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Gleiberman begun syn sjoernalistike karriere yn 1981 as filmkritikus foar de krante The Phoenix , dy't utkomt yn trije edysjes yn Portland (Maine) , Providence (Rhode Island) en Boston (Massachusetts) . Der bleau er oant 1989 . Dernjonken publisearre er yn dy tiid ek yn tydskriften as Premiere en Film Comment . Yn 1990 gied er oan it wurk foar it bled Entertainment Weekly .

Gleiberman joech guon fan sammele resinsjes ut yn in bondel mei as titel Love and Hisses ("Leafde en Ssst", in wurdboarterij , mei ferwizing nei de stilte dy't yn 'e bioskoop betracht wurde moat, op Love and Kisses , "Leafde en Tuten").

Nei't er yn 2014 by Entertainment Weekly opholden wie, waard Gleiberman yn maaie 2016 by it foaroansteande tydskrift Variety oansteld as haadfilmkritikus, in funksje dy't er dielde mei Peter Debruge . Ek bekritisearret er films op 'e radiostjoerders NPR en NY1 . Hy is in lid fan 'e New York Film Critics Circle (NYFCC). Yn 2009 publisearre er under de titel Movie Freak syn autobiografy , dy't utkaam by Hachette Books .

Keppelings om utens [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: References , op dizze side .