Opslachmar

Ut Wikipedy

In opslachmar of in kearmar is in keunstmjittige mar , dy't untstien is trochdat de minske in keardaam yn in rivier oanlein hat, dy't it wetter op dat plak opkeart en sammelet. Mei it grutte ferfal dat op dy wize untstiet, kin in wetterturbine oandreaun wurde dy't op syn beurt wer in elektryske generator draaie lit. Op dy wize wurdt wetterkreftenerzjy opwekke, wat in tige skjinne foarm fan enerzjy is.

In oare reden om in keardaam oan te lizzen en in opslachmar te skeppen, is om 'e wetterfoarrie te regulearjen as der yn 'e druge tiid brekme oan wetter is, wylst der yn 'e reintiid genoch is. It opgarre wetter kin dan yn 'e druge tiid brukt wurde foar yrrigaasje fan lanbougrun of as drinkwetterfoarsjenning.

Ferneamde opslachmarren binne u.m. de Mar fan Rybinsk , yn 'e Wolga , yn Ruslan , de Trijekleauwemar , yn 'e Jangtse , yn Sina , en de Nassermar , yn 'e Nyl , yn Egypte . De grutste opslachmar fan 'e wrald is de Karibamar , yn 'e Sambezy , yn Simbabwe . De iennichste opslachmar yn Nederlan leit yn 'e Ansteldelling , by it Limburchske Kerkrade .


Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: References , op dizze side .