한국   대만   중국   일본 
Operaasje Bodenplatte - Wikipedy Springe nei ynhald

Operaasje Bodenplatte

Ut Wikipedy
In Fw190D fan de Luftwaffe yn in fjild by Brussel op 1 jannewaris 1945.

Operaasje Bodenplatte wie in loftoanfal fan de Dutske Luftwaffe op fleanfjilden fan de alliearden yn Nederlan , Belgje en Frankryk op 1 jannewaris 1945 tidens de Twadde Wraldkriich . De bedoeling wie om de alliearde loftmachten sa te ferswakjen dat it Dutske leger en de Waffen-SS it Ardinnenoffinsyf trochsette koenen. De operaasje wie pland foar 16 desimber 1944 mar koe om it minne waar pas op Nijjiersdei utfierd wurde.

De Dutsers slaggen deryn in protte alliearde fleanmasines op de grun te ferneatigjen, mar om't hja sels in protte piloaten ferlearen en yn de loft eins nea de oerhan krigen, wie de skea by einbeslut grutter as de winst. Bodenplatte wie it leste grutskalige offinsyf fan de Luftwaffe tidens de kriich.