한국   대만   중국   일본 
One (liet fan Metallica) - Wikipedy Springe nei ynhald

One (liet fan Metallica)

Ut Wikipedy
One (liet fan Metallica)
algemiene ynformaasje
B-kant The Prince
artyst Metallica
album ...And Justice for All
taal Ingelsk
sjenre Metal
utbrocht 19 jannewaris 1989
opnommen 28 jannewaris ? 1 maaie , 1988
doer 7:26 album ,
5:02 single
label Elektra
skriuwer James Hetfield ,
Lars Ulrich
produsint Metallica,
Flemming Rasmussen
fideoclip
Metallica: One (Official Music Video)
resultaten
hitlisten flagge fan Nederlân top 40 - 3,
flagge fan Nederlân Single Top 100 - 3,
flagge fan Belgje Ultratop 50 - 23
sertifisearre Grut-Brittanje sulver,
Feriene Steaten goud

One is in numer dat oarspronklik opnaam is troch Metallica yn 1988 en utbrocht op it album ...And Justice for All fan Metallica ut 1988. One wie it fjirde numer op it album en waard op 19 jannewaris 1989 utbrocht as tredde single fan it album. Yn 1994 waard it One noch ris utbrocht op single.

Oer it numer [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

It numer is basearre op it idee fan in soldaat dy 't al syn lidmaten en kaken ferliest en net hearre kin, prate of sjen, tsjin de eftergrun fan de Earste Wraldkriich . De singleferzje fan it numer is twa en heale minut koarter as it orizjineel op it album ...And Justice for All.

Oer de fideoclip [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

One wie it earste numer fan Metallica der't in fideoclip foar makke waard. De fideo, regissearre troch Bill Pope en Michael Salomon , waard op 20 jannewaris 1989 op MTV foar it earst utstjoerd. De fideo, opnommen yn Long Beach (Kalifornje) op 7 desimber 1988, is hast folslein yn swart-wyt, en lit de band sjen dy 't it numer yn in magazyn utfiert. It befettet dialogen en ferskate senes ut de ferfilming fan Johnny Got His Gun ut 1971 . Timothy Bottoms is te sjen mei yn de haadrol Joe Bonham, de haadpersoan yn de roman (skreaun troch Dalton Trumbo en publisearre yn septimber 1939 ; de basis foar de film ut 1971).

Der binne trije ferzjes fan de "One" fideoklip makke; de earste (de langste albumferzje) befette senes fan sawol de band as senes ut de film. De twadde is gewoan in ferkoarte ferzje fan de earste, en de tredde, faak bekend as de "jammin"-ferzje", mist de senes ut de film.

Muzikanten [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]