한국   대만   중국   일본 
Omajaden - Wikipedy Springe nei ynhald

Omajaden

Ut Wikipedy
It Omajadyske Ryk op syn grutst.

De Omajaden , ek wol Umayyaden neamd , is de namme fan in Arabyske dynasty, der't sawol de kalifen ta hearden dy't fan 661 oant 750 it Islamityske Ryk regearren as de ut harren fuortkommende Spaanske Omajaden ( 756 - 1027 ).

De earste Omajadyske kalyf wie Mu'awiyah I ( 661 - 680 ), dy't troch it net erkennen as kalyf fan Aly yn 756 in boargerkriich feroarsake en dy't nei de dea fan Aly it liederskip oer it Islamityske Ryk ferwurf. Derop waard de haadsted fan it ryk ferpleatst fan Mekka nei Damaskus , dat dy status oant en mei de ein fan 'e Omajadyske dynasty halde soe. Under de Omajaden hawwe de grutte feroveringen fan de Arabieren oant Sintraal-Aazje , Yndia en Spanje plakfun.

Ut Abd al-Rahman I , in pakesizzer fan de tsiende Omajadyske kalyf Hisjam , dy't untkaam oan de Abbasiden , kaam yn 750 de Spaanske tuke fan de Omajjaden fuort. It slagge him om himsels yn Spanje as emir erkenne te litten, en hy makke Kordoba ta syn residinsje. De grutste machtsuntwikkeling waard berikt troch Abd al-Rahman III ( 912 - 961 ) dy't Spanje losmakke fan it kalifaat fan Bagdad en himsels ta kalyf utrop.