한국   대만   중국   일본 
Olan - Wikipedy Springe nei ynhald

Olan

Ut Wikipedy
Kaart fan Olan en de omkriten fan it eilan.

Olan ( Dutsk : Oland ; Deensk : Øland ; Noardfrysk : Ualoon ) is ien fan de Halligen yn Dutslan . It eilan makket underdiel ut fan de gemeente Nees . Olan leit tusken Nees en it feste lan fan Dutslan yn. Op it Hallig steane 17 huzen, der wenje likernoch 30 minsken op it eilan. It hat in lingte fan likernoch 2 kilometer en in breedte fan likernoch 500 meter.

Op Olan stiet mar ien terp , de Olanterp. Hjirop is in hiel doarp boud. It nimt hjirmei in bysundere posysje yn, omdat op de oare Halligen foar bygelyks de tsjerke in eigen terp boud is. Op de ienichste terp fan it eilan steane in skoalle, in tsjerke, in kafee, it gemeentehus mei bibleteek en in winkel. Yn de midden fan de terp leit in fiefer, in saneamde fehting, mei swiet wetter, dizze docht tsjinst as drinkplak foar de bisten. De fjoertoer fan Olan, dy't ek op de terp stiet, is de ienichste op de wrald mei in dak fan reid.

Yn de simmer wurdt der fan Schluttsiel ut in feartsjinst underhalden nei Olan. Ek is it eilan mei it waadrinnen te berikken.

Olan hat ek in lytse haven. It haventsje leit sudlik fan de terp en is foar skippen mei in undjippe boaiem tusken trije oeren foar heech wetter en trije oeren nei heech wetter te berikken. Yn de tiid hjirfoar en dernei leit der hast gjin wetter yn de haven.

Skiednis [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

It Hallig wie al foar de Marsellusfloed fan 1362 in eilan, it wie yn die tiid ien eilan mei Nees. Mei in smelle stream wie it fan de feste wal skieden. Nei de tige ferskuorrende Buchardyfloed fan 1634 rekke it eilan los fan Nees. Hjirnei hawwe benammen de stoarmfloeden fan 1717 en 1825 in protte skea oanrjochte op it eilan. Benammen yn 1717 gie it mal. It wetter kaam goed in heale meter heger as by de stoarmfloed fan 1634. Alle gebouwen waarden skansearre, werunder ek de mune. Yn 1825 waarden 33 fan de 36 wennings fernield troch de stoarmfloed.

Olan yn 1895.

Yn 1850 wienen der noch twa terpen op Olan: Warft en Pipe. Pipe is as lange tiid net mear bewenne, wertroch der tsjintwurdich noch mar ien terp oer is.

Al run 1860 waard Olan mei in daam mei it feste lan ferbun, mar dizze daam waard troch stoarmfloeden meardere kearen fuort slein. Tusken 1925 en 1927 waard in daam boud dy't no noch altyd bestiet. Op de daam is in smelspoarbaan boud dy't fan de feste wal oant en mei Nees rint. Yn it begjin waarden de karren op dizze spoarwei troch seilen foarut brocht, letter waard oerstapt op lytse moterkes.

Tsjerke [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De tsjerke fan Olan, de Halligtsjerke, is in sealtsjerke fan 1824 . De tsjerke hat under oare de swiere stoarmfloeden fan 1825 en 1962 oerlibbe. De tsjerkeromte is tige lyts. De dowestien komt ut de Romeinske tiid.

In weintsje op de spoarbaan by Olan

Keppeling om utens [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

 
Fryske eilannen

Westfryske eilannen :
Noarderheaks - Teksel - Flylan - de Richel - it Gryn - Skylge - It Amelan - de Kalkman - Rif - Skiermuntseach - Simenssan - Rottumerplaat - Rottumereach - Suderduntsjes
Eastfryske eilannen :
Boarkum - Kachelotplate - Lutje Horn - Memmert - Just - Norderney - Baltrum - Langereach - Spikereach - Wangereach - Minsener Each - Mellum
Noardfryske eilannen :
Helgolan - Jongnammensan - Knyp - Japsan - Sudereachsan - Noardereachsan - Noardstran - de Halligen - Palweerm - Oomram - Feer - Uthorn - Sol - Koardesan - Jordsan - Romeach - Mandeach - Faaneach - Langli
Ferdwun : Bant - Bosk - Buise