Oerflak

Ut Wikipedy

It oerflak jout oan hoe grut in 2-diminsjonaal gebiet is. Dit kin it oerflak weze fan in twadiminsjonale foarm , mar ek dat fan in trijediminsjonale foarm .

De SI -ienheid fan in oerflak is de kante meter , m². Dizze is ofliede fan de SI-ienheid meter .

Formules [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Twadiminsjonale figueren [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

It oerflak fan inkele twadiminsjonale figueren:

  • Oerflak fan in fjouwerkant : side × side.
  • Oerflak fan in rjochthoek : lingte × breedte.
  • Oerflak fan in rut : ½ × earste diagonaal × twadde diagonaal.
  • Oerflak fan in trijehoek : ½ × basis × hichte.
  • Oerflak fan in sirkel : π × striel²

Trijediminsjonale figueren [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

It oerflak fan inkele trijediminsjonale figueren:

  • Oerflak fan in kubus : 6 × side x side.
  • Oerflak fan in balke : 2 × ((l × w) + (l × h) + (w × h)), weryn l, w en h steane foar de lingte, breedte en hichte fan in balke.
  • Oerflak fan in bol : 4 × π × striel²
  • Oerflak fan in silinder : 2 × π × r × (h + r), weryn de r de striel fan de sirkelfoarmige basis is, en h de hichte fan de silinder.
  • Oerflak fan in kegel : π × r × (r + √(r² + h²)), weryn de r de striel fan de sirkelfoarmige basis is, en h de hichte fan de kegel.