Oblast

Ut Wikipedy

In oblast ( Russysk en Oekraynsk : область, Wytrussysk : вобласць of вобласьць ( Łacinka : vobła?? - "voblast"); Tsjechysk en Slowaaksk : oblast ; Bulgaarsk : област; Kazachsk : облысы as oblısı ) is in bestjoerlike ienheid yn ferskate lannen lykas de Russyske Federaasje , Oekraine , Wyt-Ruslan , Kazachstan , Kirgyzje , Bulgarije , Slowakije en foar in skoft yn it eardere Jugoslaavje . De oblast is te ferlykjen mei in provinsje yn oare lannen sa as yn Nederlan . It wurd oblast betsjut letterlik "gebiet" [1] en komt benammen foar yn lannen mei in Slavyske taal en lannen dy't earder part fan de Sovjet-Uny wiene.

Oblasten lizze ornaris ien laach under it nasjonale bestjoerslaach en binne fierder underferparte yn distrikten, el wol rajons neamd. Meastentiids binne de oblasten neamd nei it bestjoerlik sintrum derfan.

Yn guon eardere Sovjetrepubliken waard nei 1991 it wurd oblast omneamd nei in namme dy't oflaat is fan it Arabyske wilaya . Dat jild foar Uzbekistan en Tadzjikistan ( viloyat ) en Turkmenistan ( welayat ).

Sunt 2000 fynt der yn Ruslan in grutte weryndieling fan it bestjoerlik systeem plak. Ien fan de feroarings wie it opsetten fan federale distrikten , in oerkoepeljende bestjoerslaach der't de oblasten, krajs , republiken, autonome gebieten en federale steden yn groepen ynferparte wurde. Ek in stel fan de gebietsdielen waarden gearfoege ta gruttere ienheden.

Lannen [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Bulgarije [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De Bulgaarske ienheidsteat is sunt 1999 yn 28 oblasten ferparte, dy't foar 1987 as okrugs oantsjut waarden. Fan 1987 oant 1999 eltse trije oant fjouwer okrugs yn ien oblast gearfoege.

Kazachstan [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Kazachstan is underferparte yn 14 oblısı en twa steden mei in bysundere status.

Kirgyzje [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Kirgyzje is yn san oblasten en twa selsstannige steden Bisjkek en Osj ferparte.

Ruslan [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De Wikipedy hat ek in side Oblasten fan Ruslan .

Yn Ruslan binne der 46 oblasten, dy't mei harren autonomy te ferlykjen binne mei Amerikaanske steaten en Dutske dielsteaten .

Slowakije [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Der binne 4 oblasten dy't allinnich brukt wurde as regio's oangeande de NUTS -yndieling.

Oekraine [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Ukraine hat 24 oblasten en de Krim en 2 steden hawwe in bysundere status.

Wyt-Ruslan [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Der binne 6 voblasten en it haadstedlik distrikt fan Minsk .

Joegoslaavje [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Fan 1922 oant 1929 wie it Keninkryk Jugoslaavje underferparte yn 33 oblasten.

Sovjet-Uny [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Yn de Sovjet-Uny wiene de oblasten de bestjoerslaach under dy fan de Sovjetrepubliken.

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. https://www.duden.de/rechtschreibung/Oblast