한국   대만   중국   일본 
Obelisk (lesteken) - Wikipedy Springe nei ynhald

Obelisk (lesteken)

Ut Wikipedy
† ‡

Lestekens :

punt
fraachteken
utropteken


skrapke of komma
dubele punt
stipskrapke of puntkomma
underbrekkingsstippen
gedachtestreekje
fuotnoatteken


heakje
klammerke


apostrof
keppelteken
ofbrekstreekje


breedteken of kapke
dielteken of trema
klamteken ( accent grave )
skerpteken ( accent aigu )
sedille

In obelisk of obelus (in krus ), ek wol bekend under de Ingelsk beneaming dagger (" dagge "), is in krusfoarmich lesteken ( , Unicode U+2020) mei in pear utienrinnende funksjes. Yn it foarste plak is it in fuotnoatteken , brukt as in asterisk op in side al brukt is, of yn guon gefallen foar einnoaten .

Der is ek in dubele obelisk ( , Unicode U+2021), dy’t gewoanwei as fuotnoatteken daliks nei de obelisk brukt wurdt. Yn tsjinstelling ta de asterisk binne beide symboalen net op in konfinsjeel toetseboerd te finen.

De namme obelisk is oflaat fan it Grykske obeliskos , wat lytse obelus betsjut. Dat komt fan it Grykske wurd obelos , wat safolle betsjut as briedspit en puntige pilaar . [1]

In pear wenstige tapassings binne:

  • Ferwizing nei in fuotnoat
  • Efter de namme fan in persoan: oantsjutting dat de persoan stoarn is
  • Efter de namme fan in biologyske taksonomyske groep: oantsjutting dat dy groep utstoarn is
  • Yn de notaasje fan it skaken : oantsjutting dat de kening skaak stiet

Trivia [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Rene Goscinny , de betinker fan de byldrige Asterix , basearre him op de namme fan dit lesteken doe’t er de ivige freon fan de held ut dat byldferhaal betocht. Obelisk folget Asterisk yn it ferhaal, krekt lykas de obelisk de asterisk folget yn de symboalen foar fuotnoaten.

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Obelus , op oxforddictionaries.com.