한국   대만   중국   일본 
Oarloch fan Reade Wolk - Wikipedy Springe nei ynhald

Oarloch fan Reade Wolk

Ut Wikipedy
Oarloch fan Reade Wolk
(underdiel fan 'e Su-Oarloggen )

It Fetterman-bloedbad
datum: 1866 ? 1868
plak: de krite fan 'e Powderrivier , yn Wyoming
en Montana
utkomst: Yndiaanske oerwinning
ferdrach: Ferdrach fan Fort Laramie (1868)
konfliktpartijen
Lakota
Noardlike Sjajinnen
Noardlike Arapaho
Feriene Steaten


befelhawwers
Reade Wolk
Hege Rechbonke
Sittende Bolle
Jongeman-Dy't-Bang-Is-
   foar-Syn-Hynders

Mal Hynder
Gal
Rein-yn-'t-Gesicht
Lytse Wolf
Henry B. Carrington
Henry W. Wessells sr.
William Fetterman
Horace S. Bingham





sterkte
1.500-2.000 krigers

1.000 militeren
   300 wapene boargers
ferliezen
±200 deaden ±100 deaden

De Oarloch fan Reade Wolk ( Ingelsk : Red Cloud's War ), ek wol bekend as de Bozemanoarloch (nei it Bozeman Trail ) of de Oarloch fan de Powderrivier (nei de Powderrivier ), wie in wapene konflikt tusken de Feriene Steaten en in Yndiaanske koalysje besteande ut 'e Lakota - Su ( Lakota-Sioux ), de Noardlike Sjajinnen ( Northern Cheyenne ) en de Noardlike Arapaho ( Northern Arapaho ), dy't ferneamd is nei it Lakota- opperhaad Reade Wolk ( Red Cloud ). Dizze oarloch , dy't underdiel utmakke fan 'e Su-Oarloggen , briek yn 1866 ut, nei't it Amerikaanske Leger tsjin 'e ofspraken fan it earste Ferdrach fan Fort Laramie yn in rige forten by it Bozeman Trail lans boude, op it grungebiet fan 'e Yndianen , mei as doel om 'e almar oanwaaksende stream blanke kolonisten ut it Easten te beskermjen. Nei twa jier oarlochfiering bunen de Amerikanen yn en sleaten se yn 1868 it twadde Ferdrach fan Fort Laramie mei de Yndianen, werby't se dermei ynstimden om 'e forten of te brekken en de Yndiaanske lanoanspraken tenei te respektearjen.

Foarskiednis [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Under it earste Ferdrach fan Fort Laramie fan 1851 hie it regear fan 'e Feriene Steaten de gebietsoanspraken fan 'e Arapaho , Arikara , Assiniboin ( Assiniboine ), Hidatsa , Krieen ( Crow ), Mandan , Sjajinnen ( Cheyenne ) en Su ( Sioux ) op 'e noardlike Grutte Flakten erkend, mar yn 'e fyftjin jier dy't folgen, wegere it om oan syn ferplichtings under dat ferdrach te foldwaan en blanke kolonisten ut it lan fan 'e Yndianen wei te halden.

Doe't de Lakota , dy't it westlike part fan 'e Grutte Su Naasje foarmen, foar it ferstan krigen dat de Amerikanen har net oan 'e ofspraken halde soene, fielden sy har der sels ek net mear oan bun. Under it Ferdrach fan Fort Laramie hiene hja tasein om Amerikaanske kolonisten dy't fia it Oregon Trail underweis wiene nei de westkust rjocht fan reed oer de flakten te ferlienen, mar no untstie der in fisieuze sirkel fan Yndiaanske oerfallen op kolonisten dy't troch it Amerikaanske Leger beantwurde waarden mei wraakaksjes, wat werwraak fan Yndiaanske kant ta gefolch hie.

Derby gie it fral om it Bozeman Trail , in sydpaad fan it Oregon Trail, dat dwers troch de krite fan 'e Powderrivier run, yn noardlik Wyoming en sudeastlik Montana . It Bozeman Trail wie de koartste rute tusken Fort Laramie , yn Wyoming, en goudfjilden fan westlik Montana, en tusken 1864 en 1866 waard dat paad troch sa'n 3.500 goudsikers , kolonisten en oare blanken bereizge. De krite fan 'e Powderrivier wie in wichtich jachtgebiet foar de Lakota en harren bunsgenoaten, de Noardlike Sjajinnen en de Noardlike Arapaho , en de Yndianen wurdearren it net dat de kolonisten der mei harren konkurrearren foar it almar ofnimmende jachtwyld.

Yn 1865 undernaam it Amerikaanske Leger op befel fan generaal-majoar Grenville M. Dodge , in wiere fjildtocht, de Ekspedysje nei de Powderrivier , tsjin 'e Lakota, Noardlike Sjajinnen en Noardlike Arapaho. Under brigadegeneraal Patrick E. Connor teagen derby trije legerkolonnes fan yn totaal 2.675 man tsjin 'e Yndianen op, mar it slagge de trage troepen net om 'e mobile Yndianen ta in beslissend treffen te twingen, en de meagere sukseskes dy't behelle waarden, wiene eins folslein ta te skriuwen oan 'e ynset fan Pany - en Omaha - ferkenners . De Yndianen seagen dizze fjildtocht as in provokaasje, en harren wjerstan tsjin reizgers oer it Bozeman Trail boaze allinne noch mar fierder oan.

Yn juny fan 1866 wisten de Amerikanen mei in hiel soad muoite de foarnaamste lieders fan 'e Lakota, werunder de opperhaden Reade Wolk en Jongeman-Dy't-Bang-Is-foar-Syn-Hynders , nei Fort Laramie ta te krijen foar underhannelings. Mar mei de minst mooglike timing arrivearre kolonel Henry B. Carrington op 13 juny yn Fort Laramie mei twa bataljons fan it Amerikaanske 18e Ynfanteryrezjimint, in grutte hoemannichte bounedichheden en oarders om in rige forten by it Bozeman Trail lans oan te lizzen. Derop beskuldigen Reade Wolk en Jongeman-Dy't-Bang-Is-foar-Syn-Hynders de Amerikaanske fertsjintwurdigers fan bedragerij, brieken se underhannelings of en giene se nei hus. Hoewol't de underhannelings noch in hoartsje fuortset waarden mei in stikmannich minder foaroansteande Yndiaanske lieders, run it spul sunder de meiwurking fan 'e wichtichste spilers op 'e non.

Kolonel Henry B. Carrington .

De partijen [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Kolonel Carrington, dy't op 17 juny 1866 ut Fort Laramie ofsette, hie 700 militeren by him en 300 boargers, werunder fuorlju , wurklju en oare underoannimmers fan it leger, mar ek dy har froulju en bern . Syn bagaazjetrein bestie ut net minder as 226 kapweinen fol foarrieden, en teffens waard der in manske keppel fan 1.000 kij meidreaun. Fan in tipelsinniger aard wie dat ek in rezjimintskapel fan 35 muzikanten meigie. Carrington sleepte ek in grutte meganyske "gersmeanmasine" mei, in nije utfining, mar dat wie sa'n bombidich ding dat it syn opmars oanhaldend fertrage. Carrington syn gids wie de ferneamde frontiersman Jim Bridger , mar de kolonel wegere om Yndiaanske ferkenners mei te nimmen, dy't him fan essinsjele ynformaasje oer de fijan foarsjen hawwe koene.

Carrington syn troepen wiene meast ynfantery (fan it Amerikaanske 14e Ynfanteryrezjimint), hoewol't der ek in pear ofdielings kavalery meigiene (fan it Amerikaanske 2e Kavaleryrezjimint). It wiene griene rekruten dy't bewapene wiene mei Springfield Model 1861 - foarladers ut 'e Amerikaanske Boargeroarloch ( 1861 - 1865 ), yn prinsipe ienskots musketten , dy't alhiel efter de tiid rekke wiene. De kavalery wie tarist mei modernere Spencer-karabinen , dy't oer in magazyn beskikten der't san kugels yn koene.

It opperhaad Reade Wolk .

De Yndianen wiene noch minder bewapene, want in protte fan 'e krigers moasten it dwaan mei pylk-en-boge , wylst oaren mei noch aldere musketten as de Springfields fan 'e ynfantery utrist wiene. Oare wapens, lykas spearen , tomahawks , gnodzen en messen , wiene inkeld te bruken yn man-tsjin-mangefjochten. It grutte foardiel dat de Yndianen oer Carrington syn troepen hiene, wie dat se folle mobiler wiene.

Guon histoarisy hawwe skreaun dat allinnich Reade Wolk syn Lakota-krigers al mei sa'n 4.000 man wiene, mar dat is in fiersten te hege skatting. It totale oantal Lakota wie yn 1865 sa'n 13.900 minsken, froulju, bern en alden fan dagen ynbegrepen. As men der't de likernoch 3.000 Noardlike Sjajinnen en Noardlike Arapaho by opteld, komt men ut op in totaal oantal fan 17.000 minsken. Rekkenje dat ien op 'e fjouwer in folwoeksen man fan tusken de 15 en 55 jier wie, en dan komt men op 4.250 krigers . Mar lang net alle Lakota, Noardlike Sjajinnen en Noardlike Arapaho befunen har yn 'e krite fan 'e Powderrivier en fan dejingen dy't der wol wiene, focht ek net elkenien mei. Sadwaande sil it totale oantal krigers dat oan 'e oarloch dielnaam tusken de 1.500 en 2.000 skatten wurde moatte.

De oarloch [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De oanlis fan 'e forten [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Op 28 juny arrivearren Carrington en syn troepen yn Fort Reno , der't er twa underbemanne kompanjyen (sa'n hundert man) efterliet om it garnizoen dere of te lossen. Mei de rest fan syn legermacht teach er fierder op nei it noarden en stifte er op 14 july Fort Phil Kearney oan it beekje de Piney Creek, deunby it tsjintwurdige Buffalo , yn Wyoming. Derwei marsjearren twa kompanjyen fan it 18e Ynfanteryrezjimint sa'n 150 km nei it noardwesten, om op 13 augustus oan 'e rivier de Bighorn yn Montana Fort C.F. Smith te stiftsjen. De iere en strange winter op 'e hege flakten yn oanmerking nommen wie mids augustus frijwat let yn it jier om noch in nije foarpost te stiftsjen, mar Carrington wie belette troch syn 'gersmeanmasine', en fun dat er gjin oare kar hie as om no troch te setten.

It Bozeman Trail yn giel mei yn read de forten oanjun dy't it Amerikaanske Leger derby lans oanlein hie.

Carrington wie eins gjin militer , mar in yngenieur dy't syn ofsiersrang te tankjen hie oan politike freonen. Hy lei him benammen ta op it bouwen fan perfekte, wiskundich -sekuere fortifikaasjewurken. Dat, en syn yngeande tarieding op 'e winter wiene best te begripen, mar hy dreau guon fan syn underhearrige ofsieren der suver mei ta waansin. De 'echte' militeren, feteranen ut 'e Boargeroarloch, wiene derfan oertsjuge dat se maklik mei de Yndianen ofweve koene, as se mar trochpakke mochten ynstee fan har tiid te ferdwaan mei it bouwen fan forten. Dy ynstelling soe letter rare gefolgen hawwe.

Op 16 july socht in groep Noardlike Sjajinnen under oanfiering fan 'e opperhaden Stomp Mes en Twa Moannen Carrington op yn Fort Reno. Derby makken se him dudlik dat se frede hawwe woene, en fertelden se ek dat Reade Wolk him mei 500 krigers yn 'e neite fan it fort ophold. Letter dy deis waarden twa blanke boargers deade by in Yndiaanske oanfal, en dat wie it begjin fan it konflikt dat de Amerikanen neitiid de Oarloch fan Reade Wolk neamden. Op 17 july jagen de Yndianen 176 hynders en muldieren fan 'e Amerikanen op 'e rin, en nettsjinsteande in 25 km duorjende efterfolging slagge it de soldaten net en krij de bisten werom. By de efterfolging kamen twa soldaten om en rekken trije ferwune, en werom by it fort waarden de liken fan seis boargers fun.

Op 20 july foelen Reade Wolk syn krigers in troch soldaten beskerme karafaan kapweinen mei kolonisten oan by Crazy Woman Fork, oan 'e Powderrivier , mei twa deaden as gefolch. Oare oanfallen folgen, en alle boargerferkear oer it Bozeman Trail kaam stil te lizzen. Carrington sels koe inkeld befoarriede wurde troch swierbewapene konfoaien. Yn 'e folgjende moannen waarden ferskate kearen de ekspedysjes oanfallen dy't Carrington-en-dy fan Fort Phil Kearney ut optugden om beammen te kapjen om harren fort fan te bouwen. Fyftjin fan sokke oanfallen tusken 16 july en 27 septimber laten ta de dea fan 6 soldaten en 28 boargers en it ferlies fan hunderten hynders, muldieren en kij. Carrington syn dierbere 'gersmeanmasine' waard by ien fan 'e oanfallen ek folslein ferrinnewearre.

De lokaasje fan it Fetterman-bloedbad hjoed de dei.

It Fetterman-bloedbad [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De Wikipedy hat ek in side Fetterman-bloedbad .

Yn novimber 1866 arrivearre kaptein William J. Fetterman yn Fort Phil Kearney om in oare ofsier of te lossen. Oars as Carrington hie Fetterman in protte militere underfining opdien under de Boargeroarloch, mar oan 'e oare kant hied er hoegenamt gjin ferstan fan 'e Yndianen en harren wize fan oarlochfieren. Fan it begjin of oan makke Fetterman dudlik dat er it net iens wie mei Carrington syn strategy , dy't er "passyf" neamde. Neffens him hie brigadegeneraal Philip St. George Cooke , de kommandant fan it Departemint fan 'e Platte , oarders jun ta it fieren fan in agressive winterkampanje. In bekende utspraak fan Fetterman wie dat er mei "tachtich man" sunder swierrichheden "troch de Su Naasje ride" soe. Op 6 desimber kaam de befelhawwer fan Carrington syn kavalery, luitenant Horace S. Bingham , om doe't er in groepke oanfallende Yndianen oer in heuvelrech hinne folge oan 'e oare kant werfan't in gruttere groep krigers him opwachte. Carrington drukte syn mannen op it hert om net wer yn sa'n muklaach te rinnen.

Doe't op 21 desimber fannijs de houthakkersekspedysje oanfallen waard, stjoerde er Fetterman oan it haad fan in untsettingsmacht ut dy't bestie ut 49 ynfanteristen, 27 kavaleristen, 3 ofsieren (Fetterman ynbegrepen) en 2 boargers. Neffens Carrington syn lettere tsjugenis joech er Fetterman spesifike oarders om net oer de heuvelrech Lodge Trail Ridge te gean, der't fersterkings ut it fort him net of mar mei muoite berikke kinne soene. Fetterman, lykwols, sette daliks op Lodge Trail Ridge ta. Koart nei't de troepen it fort efter har litten hiene, seagen se san Yndianen, werunder it opperhaad Mal Hynder , werfan't in pear harren utdagen troch op 'e rech fan harren mustangs stean te gean en op misledigjende wize har stuten sjen te litten. Doe't de soldaten efter har oan setten, rieden de Yndianen gau fuort, werby't Mal Hynder bearde dat syn hynder kreupel rekke wie om derfoar te soargjen dat de Amerikanen de efterfolging net opjoegen.

Plakette ta oantins fan it Fetterman-bloedbad .

De dryste Fetterman trape mei iepen eagen yn 'e fale en marsjearre oer de heuvelrech hinne de Peno-delling yn, der't tusken de 1.000 en 2.000 krigers under de Hunkpapa -haadman Rein-yn-'t-Gesicht , de Minnikonzju -lieder Hege Rechbonke en it Sjajinske opperhaad Lytse Wolf ferskule leine. Nei't Fetterman en syn troepen de delling ynmarsjearre wiene, kamen de krigers foar 't ljocht en sleaten de Amerikanen yn. Doe't yn it fort de gewearsalvo's heard waarden, stjoerde Carrington noch in untsettingsdetasjemint ut, besteande ut 40 man under kaptein Tenedor Ten Eyck , om 'e untsettingsmacht te untsetten. Ten Eyck late syn mannen fia in yndirekte, omsichtige rute, en berikte de Peno-delling krekt doe't it fjurjen ophold. Tsjin dy tiid wiene alle 81 leden fan Fetterman syn detasjemint dea. De Amerikanen neamden dit treffen it Fetterman-bloedbad , wylst de Yndianen sprieken fan 'e 'Slach fan 'e Hundert Sneuvelen'. It wie de swierste Amerikaanske nederlaach tsjin 'e Flakte-Yndianen oant luitenant-kolonel George Armstrong Custer tsien jier letter it Amerikaanske 7e Kavaleryrezjimint nei de nederlaach ta late yn 'e Slach oan de Little Bighorn .

Winterskoft [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De juns nei de nederlaach bea in boarger, John 'Portugee' Philips, him oan as frijwilliger om in helpoprop nei generaal Cooke yn Fort Laramie te bringen. Philips die under in oanhaldende sniestoarm dy't op 22 desimber begun fjouwer dagen oer de rit fan mear 380 km; derby ried er troch mear as 30 sm snie by in temperatuer fan fier under it friespunt . Hy seach lykwols gjin inkele Yndiaan en berikte Fort Laramie ynein mar sun, werby't er mei syn oankomst, op 'e jun fan 25 desimber , in formeel kryst bal underbriek. Generaal Cooke unthefte Carrington daliks fan syn post en ferfong him troch brigadegeneraal Henry W. Wessells sr. Dyselde arrivearre op 16 jannewaris 1867 mei as fersterkings twa kompanjyen kavalery en fjouwer kompanjyen ynfantery, yn totaal sa'n 300 man, yn Fort Phil Kearney. It wie doe sa kald dat underweis ien soldaat deafrear. Carrington ferliet it fort op 23 jannewaris mei by him syn eigen frou en alle oare froulju en bern, en syn konfoai trochstie temperatueren fan ?39 °C. Tsjin 'e tiid dat se yn Fort Laramie oankamen hie de helte fan syn eskorte fan 60 soldaten befriezingsferskynsels oan noas , earen , teannen of fingers oprun.

Generaal Ulysses S. Grant , de stefsjef fan it Amerikaanske Leger, naam gjin genoegen mei de opoffering fan Carrington en sei ek generaal Cook de wacht oan. Letter diene sawol it Amerikaanske Leger as it Amerikaanske Ministearje fan Binnenlanske Saken undersyk nei de gong fan saken oangeande it Fetterman-bloedbad; it undersyk fan it leger koe net ta konkuzjes komme, mar it undersyk fan Binnenlanske Saken spriek Carrington frij fan blaam. Underwilens hie de winterkjeld in ein makke oan 'e gefjochtshannelings. Likegoed hiene Wessells en syn troepen it dreech yn Fort Phil Kearney, mei't der krap iten wie. In protte hynders en muldieren stoaren de hongerdea, en under de soldaten briek skuorbot ut. Mei-inoar reage dat alle plannen foar in 'agressive winterkampanje' fan tafel.

In groepsfoto fan 'e opperhaden fan 'e Lakota . Reade Wolk is de twadde sittend fan lofts; Jongeman-Dy't-Bang-Is-foar-Syn-Hynders de twadde steand fan lofts.

Yn april 1867 setten de Yndianen utein mei oerfallen op it ferkear oer it Oregon Trail yn 'e delling fan 'e Noardlike Platte . Dat wie noch deroanta, mar it Amerikaanske regear siet mear yn oer de bedriging dy't de Yndianen foarmen foar de oanlis fan it Earste Kontinintale Spoar , dat troch sudlik Wyoming rinne moast. Hoewol't fersterkings nei de forten oan it Bozeman Trail stjoerd wiene en ek it garnizoen fan Fort Laramie sels fergrutte wie, hie men noch altyd de middels net om yn it offinsyf te gean tsjin 'e Yndianen. In hoartsje liek it derop dat de oarlochspartij fan 'e Lakota him nei de underhannelingstafel lokje litte soe troch de bemiddeling fan it Brulee -opperhaad Bunte Sturt , dy't him ofsidich holden hie fan 'e gefjochten, mar dat bliek uteinlik inkeld in fertragingstaktyk fan 'e Yndianen te wezen. Yn july holden de Lakota harren jierlikse sinnedunsseremoanje , dy't it ferfetsjen fan 'e fijannichheden noch langer utstelde.

It Heafjildgefjocht en it Weinkraalgefjocht [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Ein july 1867 liken de Lakota en de Sjajinnen in skeel krigen te hawwen oer de te folgjen strategy . Fan gefolgen sammelen de Noardlike Sjajinnen en harren tradisjonele bunsgenoaten, de Noardlike Arapaho, har foar in oanfal op Fort C.F. Smith, wylst de Lakota in wraam op Fort Phil Kearney diene. It garnizoen fan Fort C.F. Smith wie yn 't foar warskoge troch guon Krieen ( Crow ) dy't yn 'e neite fan it fort libben, en op 23 july waard de besetting fuortsterke troch de oankomst fan twa kompanjyen ynfantery under luitenant-kolonel Luther P. Bradley , sadat it totale garnizoen op 350 man kaam. De fersterkings wiene bewapenen mei nije Springfield Model 1866 - efterladers , dy't folle flugger fjurje koene as de bewurklike musketten dy't oan doe ta troch it Amerikaanske fuotfolk brukt wiene.

Op 1 augustus wiene 21 soldaten en 9 boargers op 4,5 km ofstan fan Fort C.F. Smith gers oan it meanen om hea fan te meitsjen foar winterfoer, doe't in pear hundert Sjajinske en Arapaho-krigers harren oanfoelen by wat bekend kaam te stean as it Heafjildgefjocht . De Amerikanen sochten beskul efter lizzende beamstammen der't se yn 't foar al skuttersputsjes groeven hiene. Geandewei de dei sloegen se mei harren nije, fluchsjittende gewearen ferskate oanfallen of, oant de Yndianen de belegering tsjin 'e ein fan 'e middei oerjoegen. Twa soldaten en ien boarger hiene doe underwilens de dea fun, wylst de Yndianen acht deaden te betreurjen hiene.

In plattegrun fan Fort Phil Kearney .

In dei letter fun by Fort Phil Kearney it Weinkraalgefjocht plak, werby't 26 soldaten en 6 boargers fan in houtkappersdetasjemint oanfallen waarden troch ferskate hunderten Lakota-krigers. Yn 't foar wiene de swiere houtene bukberjes fan fjirtjin weinen yn in ovale kraal pleatst, en dertuskenyn sochten de Amerikanen beskul. Om't ek dizze groep mei nije efterladers utrist wie, koene se it seis oeren uthalde oant se untset waarden troch in grutter detasjemint soldaten ut it fort. By dit gefjocht kamen san blanken om, en hoewol't de belegere Amerikanen mei grut gefoel foar fantasij skatten dat se wol 1.500 Yndianen deade hiene, skreau histoarikus George E. Hyde dat de Lakota seis deaden en seis ferwunen oprun hiene, en dat se it net as nederlaach beskogen om't se in grutte keppel hynders en muldieren butmakke hiene.

It Heafjildgefjocht en it Weinkraalgefjocht, dy't ornaris wol deeglik as Yndiaanske nederlagen beskoge wurde, lykje de Yndianen derfan ofbrocht te hawwen om noch mear grutskalige oanfallen te prebearjen. Mei lytse oerfallen yn 'e omkriten fan 'e forten en op reizgers dy't gebruk makken fan it Bozeman Trail rjochten se lykwols mear as genoch skea oan om 'e Amerikanen it fjoer nei oan 'e skinen te lizzen. It slimste wie lykwols yn 'e eagen fan it Amerikaanske regear de oanfal dy't op 7 augustus utfierd waard op in trein fan 'e spoarmaatskippij Union Pacific Railroad , yn 'e neite fan it hjoeddeiske Lexington , yn Nebraska , hunderten kilometers fan it eigentlike striidtoaniel of, yn in regio dy't oant doe ta as feilich beskoge waard.

Neisleep [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Reade Wolk mei syn fearretoai op.

Nettsjinsteande de oerwinnings yn it Heafjildgefjocht en it Weinkraalgefjocht socht it Amerikaanske regear almar sterker nei in freedsume oplossing foar it konflikt. De suksesfolle oanlis fan it Earste Transkontinintale Spoar hie fierwei de heechste prioriteit, en it leger hie de middels net om sawol it spoar as it Bozeman Trail te ferdigenjen. Men ornearre dat de militere ynset yn 'e krite fan 'e Powderrivier sawol djoer as ymproduktyf wie, mei't der nei skatting 20.000 soldaten nedich weze soene om 'e Yndianen derunder te krijen. Yn 1867 stelde in Amerikaanske kommisje fest dat de Yndianen rjochtlike griven hiene, en dat der datoangeande sprake wie fan utlokking troch de kolonisaasje fan harren lan troch de blanken. Sadwaande waarden der yn 'e maityd fan 1868 fertsjintwurdigers fan it regear nei Fort Laramie ta stjoerd mei foech om te underhanneljen. Reade Wolk liet lykwols witte dat der gjin sprake fan weze koe salang't it leger de forten Phil Kearney, C.F. Smith en Reno net untromme. Dat yn augustus 1868 ferlieten de soldaten de forten, en de Yndianen setten de bran deryn. It Bozeman Trail wie foargoed ofsletten.

Pas yn novimber arrivearre Reade Wolk yn Fort Laramie. Der underhannelen de Amerikanen mei him en oare fertsjintwurdigers fan 'e Noardlike Arapaho , de Oglala -, Minnikonzju - en Brulee -stammen fan 'e Lakota en de Janktonai -stamme fan 'e Westlike Dakota . Dy underhannelings laten ta it twadde Ferdrach fan Fort Laramie , werby't ofpraat waard dat it Bozeman Trail net weriepene wurde soe. Boppedat waard foar de Lakota- en de Westlike Dakota-stammen fan 'e Su ( Sioux ) it Grutte Su Reservaat skepen, dat de helte fan Sud-Dakota en in stikje fan Nebraska omfieme. Ta dat Yndianereservaat , dat de Su 'foar ivich' taparte krigen, hearden ek de Black Hills , in gebiet fan hege heuvels of lege bergen yn it sudwestlike part fan Sud-Dakota, dat foar de Lakota hillich wie. Teffens wiisde it Ferdrach fan Fort Laramie in grut 'unofstien' ( unceded ) gebiet oan 'e Lakota ta yn it streamgebiet fan 'e Powderrivier , yn Wyoming en Montana , dat se bruke koene as jachtterrein . Noch yn it Grutte Su Reservaat, noch yn it 'unofstiene' jachtgebiet mochten tenei noch blanken komme, of it moasten fertsjintwurdigers fan it Amerikaanske regear weze.

Yn 'e jierren nei 1868 bliek it twadde Ferdrach fan Fort Laramie troch it oanhaldende opkringen fan blanke kolonisten en goudsikers neat wurdich te wezen. Yn 1874 waard der in Ekspedysje nei de Black Hills op ut stjoerd under lieding fan luitenant-kolonel George Armstrong Custer , om 'e wearde fan 'e Black Hills te undersykjen. Neitiid brocht it nijs fan 'e untdekking fan goud de Goudkoarts fan 'e Black Hills op gong. It binnenkringen fan it lan fan 'e Yndianen troch in kliber habsuchtige goudsikers joech uteinlik oanlieding ta de Grutte Su-Oarloch fan 1876 , weryn't de Flakte-Yndianen definityf ferslein waarden troch de Amerikanen.

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: References , op dizze side .