한국   대만   중국   일본 
Oargel - Wikipedy Springe nei ynhald

Oargel

Ut Wikipedy
It aldste Europeeske oargel hinget yn 'e Basilique de Valere yn ( Sion , Switserlan ) ut 1390

In oargel is in muzykynstrumint dat bestiet ut ofsunderlike pipen , der't loft trochhinne rint op in labium (of tonge). Immen dy't op in oargel spilet wurdt in organist of in oargelist neamd. In oargelmakker of - bouwer is immen dy't oargels untwerpt, boud en underhaldt. Oargels wurde ta de aerofoanen rekkene.

Skiednis [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Aldheid [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

It oargel soe utfun weze troch de werktuchkundige Ktesibios ut Aleksandrje en ut de tredde iuw foar Kristus datearje. Ktesibios neamde it nije ynstrumint hydraulosm, fan it Grykske ?δωρ (hydor, wetter) en aulos, in populer blaasynstrumint fan in dubelreiten blaasynstrumint. Ktesibios sette in rige auloi fan ferkillende lingtes op in bak, wer't under druk loft yn pompe waard. In pompsysteem werby't de luchtdruk troch wetter yn goede banen lied waard soarge foar konstante luchtdruk.

Yn de Hellinistyske en Romeinske kultuer spile it oargel in wichtige rol by muzykwedstriden en net-religieuze plechtichheden.

Op hokker stuit it idee untstie om de komplekse wynfoarsjenning fan de hydraulos te ferfangen troch blaasbalgen is net bekend. De earste oanwizings fan oargels mei blaasbalgen datearje ut de 2e iuw.

Midsiuwen [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Mei de delgong fan it Westromeinske Ryk ferdwun ek it oargel ut West-Europa, mar yn it Eastromeinske Ryk (Byzantium) bleau it bestean. Undudlik is it op hokker wize it oargel wer us kant op kaam. Wol is it wis dat Pepyn de Koarte yn 757 in oargel krige fan de Byzantynske keizer Konstantyn V . Ek is der praat oer de Fenesiaanske preester Georgius, dy't om likernoch 826 hinne mei de bou fan oargels utein set weze soe.

Oant doe hie it oargel noch gjin funksje yn 'e tsjerke. De iere tsjerkfaars stiene ek erchtinkend foar ynstrumintale muzyk oer. Sunt de 10e iuw binne der yn Ingelan oargels yn tsjerken en kleasters. It soe lykwols noch lang duorje ear't it oargel folslein akseptearre waard yn 'e tsjerken. Yn it lest fan de 13e iuw waard it oargel jimmeroan populerder yn stedstsjerken en kleasters, ek al hie de tsjerklike hierargy noch jimmeroan net it measte mei it oargel op. It oargel soe lykwols in sintraal plak yn 'e earetsjinst ynnimme en dat is yn in soad tsjerken noch jimmeroan sa.

De earste oargels hiene gjin registers wermei't rigen pipen yn- en utset wurde koene. Fariaasjes yn klankkleur of - sterkte wiene derfandinne net mooglik. Om dochs foar ofwikseling te soargjen waard efter de spiler in twadde oargel boud, dat rechposityf neamd waard. Ek waard der in twadde oargel boppe it earste boud, it boppewurk . Om mear spylmooglikheden foar de hannen oer te halden, waarden de baspipen mei de fuotten bespile: it pedaal , dat yn 1470 utfun waard.

Nei 1500 [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

It aldste oargel fan Fryslan stiet yn 'e Salviustsjerke fan Dronryp

Troch de utfining fan in wize om rigen pipen yn en ut te skeakeljen waarden nei 1500 folle mear klankkleuren mooglik. Dat mechanisme wurdt bestjinne troch it yn- en utskowen fan de registerlukers njonken of boppe de spyltafel.

Herfoarmers lykas Jehannes Kalvyn en Huldrych Zwingli stiene kritysk foar it oargel oer. Kalvyn beskreau it oargel as de 'sirene fan 'e duvel' en neffens him stie it ynstrumint symboal foar de katolike oerdwealskens. Mar yn 'e Nederlannen wiene der ek foarstanners fan it oargel, lykas Constantijn Huygens . Sunt healwei de 17e iuw krigen jimmeroan mear Nederlanske tsjerken in oargel.

It oargel untwikkele him jimmeroan mear nei in hichtepunt healwei de 18e iuw. Yn 'e rin fan de tiid waard it oargel ferbettere en oanpast oan de feroarjende easken fan de tiid. Fral de yndustrialisaasje wie fan grutte ynfloed op it oargel op de bloei fan it mechanyske oargel. It belangrykste dat wy yn 'e hjoeddeiske tiid tafoege ha is de elektryske wynmasine. Dy soarget der foar dat de balgen mei wyn folle bliuwe, sadat der ofskie nommen wurde koe fan it traapjen.

Basisunderdielen [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De Koepeltsjerke , Ljouwert hat it grutste oargel fan Fryslan

It oargel is in blaasynstrumint dat werom giet op de fluit. Yn de rin fan de tiid feroare it troch lytse oanpassings ta syn hjoeddeiske foarm. De panfluit liket troch de rige pipen mei feste lingtes al wat op in oargelfront.

It leit foar de reden dat besocht waard om mei de dubelfluiten mei harren mulestik en mei de panfluit as foarbyld in ynstrumint te meitsjen, wermei ien of meardere toanen tagelyk makke wurde koe, wylst it mei ien mulestik oanblaasd waard. De oplossing bestie ut in tal pypkes of fluitsjes op in lange doaze, mei oan 'e sydkant in mulestik om de pypkes oanblaze te kinnen. Om tefoarren te kommen dat alle pypkes tagelyk lud joegen, waarden der under de pypkes klepje of skufkes oanbrocht, sadat it mooglik waard om toanen te selektearjen.

Mei't der mear pypkes oan it ynstrumint tafoege waarden, waard it dreger om mei de beheinde kapasiteit fan 'e longen foar genoch wyn te soargjen. Sa waard utein set mei it sykjen nei in mechanyske oplossing. De ofstrupte hud fan in bist (in balge) waard as opslach brukt foar de wyn werop it oargel spylje koe. De hud waard fest set mei twa mei knieren oan inoar fest sette planken en sa koe der druk op de balge set wurde. It krop fan it bist tsjinne as utgong foar de wyn, dat oan it kanalensysteem fan it ynstrumint oansletten wie.

Underdielen dy't nedich binne om in gewoan oargel wurkje te litten binne:

  • De pipen.
  • De wynlade (de doaze der't de pipen op steane).
  • It mulestik wertroch de pipen oanblaasd wurde: de kanalen.
  • De balge, dy't foar de wynfoarrie en de goede druk fan de wyn soarget.
  • De klepkes of skufkes dy't de wyntafier nei de pipen ofslute: de fentilen.
  • De hefbeamkes om de klepkes te iepenjen en te sluten: de toetsen.
  • De ferbining fan de toets nei it fentyl: de traktuer.
  • De spyltafel of klaviatuer.

Soarten oargels [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Tsjerkeoargel fan de Grutte Tsjerke yn Ljouwert

Der binne ferskillende soarten oargels dy't neffens it plak der't in oargel stiet en it doel der't it foar boud is yndield wurde kinne:

  • It tsjerkeoargel is in piipoargel yn in tsjerke of katedraal, dat brukt wurdt by de begelieding fan sang of foar ynstrumintale muzyk.
    • in oksaaloargel of galerijoargel is in oargel op in kreake of in oksaal.
    • in koeroargel stiet yn 'e regel by in sjongkoar of yn it koer fan 'e tsjerke. It is lytser dan it grutte oargel en it kin mobyl weze.
  • It husoargel is in lyts model fan in piipoargel, dat thus stean kin.
  • In konsertoargel is in grut piipoargel dat selstannich of by in orkest brukt wurde kin.
  • It teateroargel waard faak yn bioskopen en teaters brukt foar de muzyk by stomme films.
  • In dunsoargel stie eartiids yn dunssealen.
  • It kermisoargel is in draaioargel dat op merken ynset wurdt om der in grut folume oan muzyk te meitsjen. In apart type kermisoargel waard brukt yn de alderwetske draaimune.

Harmoania, elektroanyske oargels, Hammond-oargels, pyrofoanen, knikkeroargels, wynoargels, wetteroargels en flesseoargels wurde wol oargels neamd, mar binne dat eins net.

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Nederlansktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: nl:Orgel