Keatling fan de Oarder fan it Gouden Flues (yn de
Schatzkammer
yn Wenen)
De
Oarder fan it Gouden Flues
(
Fransk
:
Ordre de la Toison d'Or
,
Dutsk
:
Orden vom Goldenen Vlies
) is in
ridderoarder
stifte yn
Brugge
troch
Filips III, hartoch fan Boergonje
op
10 jannewaris
1430
by gelegenheid fan syn houlik mei de
Portugeeske
prinsesse
Infanta Isabella de Portugal
, dochter fan kening
Jan I fan Portugal
.
De Oarder waard ien fan de meast prestizjeuze oarders fan Europa. De leden wurde
fluesridders
of
toisonisten
neamd en behearre allegear ta de heechste Europeeske adel.
Sunt de
Spaanske Suksesjekriich
wurde twa tuken fan de Oarder underskaat: de Spaanske en Eastenrykske.
Commons