한국   대만   중국   일본 
Nojoud Ali - Wikipedy Springe nei ynhald

Nojoud Ali

Ut Wikipedy
Nojoud Ali
persoanlike bysunderheden
echte namme Nu??d ’Al? (????? ???)
nasjonaliteit Jemenitysk
berne 1998
berteplak ? ( Jemen )
etnisiteit Jemenitysk-Arabysk
wurkpaad
aktyf as frouljusrjochte-aktiviste
jierren aktyf 2008 ? no
reden
  bekendheid
stapte mei 10 jier sels nei de
   rjochter ta om in skieding oan
   te freegjen
bekendste
  wurk(en)
Ik Was Negen Toen Ik
   Moest Trouwen

Nojoud Ali of Nujood Ali of Najud Ali ( Arabysk : ????? ???; sekuerder transliterearre as Nu??d ’Al? , berne yn 1998 ) is in Jemenityske aktiviste foar frouljusrjochten en tsjin bernehouliken , dy't 2008 bekendheid krige doe't hja nei tige jong uthylke te wezen, utnaaide en op eigen manneboet by de rjochtbank in skieding oanfrege.

Uthylke [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Nojoud Ali wie njoggen jier doe't har aldelju om 1 febrewaris 2008 hinne in houlik foar har beavensearren mei Faez Ali Thamer, in man fan yn 'e tritich. Nei de brulloft waard se geregeldwei slein troch har skoanfamylje en ferkrefte troch har man. Op 2 april 2008 gie hja ut te boadskipjen om bole, mar besleat ynstee om nei de rjochtbank te gean en in skieding oan te freegjen, eat dat har heite twadde frou har oanret hie. Nei't se in heale dei yn it gerjochtsgebou sitten hie te wachtsjen, murk ien fan 'e rjochters dere, Muhammed al-Ghadha, har op. Doe't er har ferhaal oanheard hie, besleat er har op eigen manneboet tydlik asyl te jaan. Boppedat liet er har man en heit oppakke. [1]

De abbekate Shada Nasser , in foaroansteande Jemenityske feministe en minskerjochte-aktiviste , stimde deryn ta om Ali har saak oan te nimmen. Mei't de Jemenityske wet gjin minimumaldens befettet foar famkes om te trouwen, mar it wol ferbiedt om mei harren te sliepen oant in net neier omskreaune tiid dat se "geskikt binne om seksuele mienskip mei te hawwen", wie it Nasser har strategy om te bewearen dat Nojoud har houlik unwetlik wie om't se ferkrefte wie. [2] Ali wegere it utstel fan 'e rjochter yn omtinken te nimmen, om nei in ynterfal fan trije oant fiif jier fannijs by har man yn te luken. [3] Op 15 april 2008 stie de rjochtbank har in skieding ta [4] , wermei't brutsen waard mei de Jemenityske stammetradysjes. [5] [6]

Nei de rjochtsaak [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Nei de rjochtsaak loek Ali wer by har aldelju yn, yn in foarsted fan 'e Jemenityske haadsted Sana'a . Yn it neijier fan 2008 gie hja wer nei skoalle. Se hat oanjun dat it har doel is om abbekate te wurden. [7] Mei de Franske auteur Delphine Minoui skreau Nojoud Ali yn 2009 in boek oer har underfinings under de titel Moi Nojoud, 10 ans, divorcee ("Ik bin Nojoud, 10 jier, skieden"), dat publisearre waard troch de Paryske utjouwer Editions Michel Lafon . Itselde jiers ferskynde bij utjouwerij Arena in Nederlanske oersetting, titele Ik Was Negen Toen Ik Moest Trouwen ( ISBN 978-9 08 99 00 845 ); in Ingelske fertaling ( I am Nujood, Age 10 and Divorced ) kaam ut yn 2010 . It wie de bedoeling dat de royaltys fan 'e ynternasjonale ferkeap fan it boek betelje soene foar har underwiis; lykwols gie se net regelmjittich nei skoalle. [8]

Yn novimber 2009 waarden Ali en har abbekate Shada Nasser troch it Amerikaanske frouljusbled Glamour oanwiisd as "Froulju fan it Jier". [9] [10] Fanwegen alle negative berjochten oer Jemen dy't har saak yn 'e wraldparse oproppen hie, waard yn maart 2009 Ali har paspoart ynnommen, sadat se net oanwezich weze koe by de utrikking fan 'e Wraldfrouljuspriis yn Wenen . [11]

Neisleep [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Yn 2009 ferskynden der ek artikels en reportaazjes weryn't twifel utsprutsen waard oer de fraach oft de opbringsten fan har boek Ali en har famylje wol te goede kamen. [12] Yn 2010 waard der lykwols ferslach fan dien dat Ali en har famylje no yn in nij hus wenje, dat se kocht hiene mei de help fan har Franske utjouwer. Har heit runt op 'e grunferdjipping in krudenierswinkel en Ali en har jongere suske geane foltiids nei skoalle. [13]

Ali har saak foarmet in boarne fan ynspiraasje foar de ynspannings om oare bernehouliken neatich ferklearre te krijen, lykas dat fan in achtjierrich Saudysk famke, dat yn 2009 in skieding tastien waard nei't har heit har yn ruil foar likernoch $13.000 twongen hie te trouwen mei in man fan fyftich. [14] [15] [16] [17]

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Noaten

  1. Loving, James, Video Beat Part 4 - CNN Exploits little girl (www.nationalradio.com).
  2. Power, Carla, Nujood Ali & Shada Nasser win "Women of the Year Fund 2008 Glamour Award" (www.yementimes.com).
  3. Power, Carla, Nujood Ali & Shada Nasser win "Women of the Year Fund 2008 Glamour Award" (www.yementimes.com).
  4. Ali, Nojoud, en Minoui, Delphine, Ik was negen toen ik moest trouwen .
  5. Daragahi, Borzou, Yemeni bride, 10, says I won't (articles.latimes.com).
  6. Walt, Vivienne, A 10-Year-Old Divorcee Takes Paris (www.time.com).
  7. Mullins, K.J., Child bride Nujood Ali's life after the divorce (www.digitaljournal.com).
  8. Hersh, Joshua, A Ten-Year-Old's Divorce Lawyer (www.newyorker.com).
  9. Walt, Vivienne, A 10-Year-Old Divorcee Takes Paris (www.time.com).
  10. Power, Carla, Nujood Ali & Shada Nasser win "Women of the Year Fund 2008 Glamour Award" (www.yementimes.com).
  11. Bobi, Emil, Kleine große Frau: profil besuchte die zehnjahrige Jemenitin Nojoud Ali in Sanaa (www.profil.at).
  12. Bobi, Emil, Kleine große Frau: profil besuchte die zehnjahrige Jemenitin Nojoud Ali in Sanaa (www.profil.at).
  13. Hersh, Joshua, A Ten-Year-Old's Divorce Lawyer (www.newyorker.com).
  14. Kristof, Nicholas, Divorced Before Puberty (www.nytimes.com).
  15. 8-year-old Saudi girl divorces 50-year-old husband (www.usatoday.com).
  16. Saudi child "files for divorce" (news.bbc.co.uk).
  17. Young Saudi girl's marriage ended (news.bbc.co.uk).

Boarnen