한국   대만   중국   일본 
Wynstreek - Wikipedy Springe nei ynhald

Wynstreek

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Noardeasten )
In kompasroas mei kardinale, ynterkardinale en sekundere ynterkardinale wynstreken oanjun.

In wynstreek , wynrjochting , kompasstreek of himelstreek is in rjochtingsoantsjutting dy't brukt wurdt yn it ramt fan 'e navigaasje en de plakbepaling (mei lingte - en breedtegraden ). Der binne 4 haadwynstreken (ek wol kardinale rjochtings neamd), ntl.: it noarden (n.), it easten (e.), it suden (s.) en it westen (w.). Derby moat men yn 'e rekken halde dat by it by it oantsjutten fan 'e wynrjochting om in beweging giet. In westewyn is sadwaande in wyn dy't ut it westen wei nei it easten ta blaast. Itselde jildt foar streamings yn 'e atmosfear (fan bgl. in hegedrukgebiet of in reinsteuring ).

Njonken de haadwynstreken binne der 4 tuskenlizzende wynstreken (ek wol ynterkardinale of ordinale rjochtings), ntl.: it noardeasten (n.e.), dat de midden haldt tusken it noarden en it easten; it sudeasten (s.e.), dat tusken it easten en it suden yn leit; it sudwesten (s.w.), tusken it suden en it westen yn; en noardwesten (n.w.), tusken it westen en it noarden yn. Deropta binne der 8 sekundere ynterkardinale rjochtings: it noardnoardeasten (n.n.e.), it eastnoardeasten (e.n.e.), it eastsudeasten (e.s.e), it sudsudeasten (s.s.e), it sudsudwesten (s.s.w.), it westsudwesten (w.s.w.), it westnoardwesten (w.n.w.) en it noardnoardwesten (n.n.w.). Ta einbeslut binne der dan noch 16 tertiere ynterkardinale rjochtings, begjinnend mei noard beeasten (n.n.n.e.), noardeast benoarden (e.n.n.e), noardeast beeasten (n.e.n.e.), east benoarden (e.e.n.e.), ensfh. Yn totaal komt men op dy manear op 32 beneambere wynrjochtings.

graden ofkoarting wynstreek
n. noard
11¼° n.n.n.e. noard beeasten
22½° n.n.e. noardnoardeast
33¾° e.n.n.e. noardeast benoarden
45° n.e. noardeast
56¼° n.e.n.e. noardeast beeasten
67½° e.n.e. eastnoardeast
78¾° e.e.n.e. east benoarden
90° e. east
101¼° e.e.s.e. east besuden
112½° e.s.e. eastsudeast
123¾° s.e.s.e. sudeast beeasten
135° s.e. sudeast
146¼° e.s.s.e. sudeast besuden
157½° s.s.e. sudsudeast
168¾° s.s.s.e. sud beeasten
180° s. sud
191¼° s.s.s.w. sud bewesten
202½° s.s.w. sudsudwest
213¾° w.s.s.w. sudwest besuden
225° s.w. sudwest
236¼° s.w.s.w. sudwest bewesten
247½° w.s.w. westsudwest
258¾° w.w.s.w. west besuden
270° w. west
281¼° w.w.n.w. west benoarden
292½° w.n.w. westnoardwest
303¾° n.w.n.w. noardwest bewesten
315° n.w. noardwest
326¼° w.n.n.w. noardwest benoarden
337½° n.n.w. noardnoardwest
348¾° n.n.n.w. noard bewesten
360° n. noard

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: Notes en References , op dizze side .