Nickelodeon Kids' Choice Award

Ut Wikipedy
Nickelodeon Kids' Choice Award
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Amerikaansk
utrikt foar muzyk , tillefyzje , film ,
literatuer en sport
utrikt troch Nickelodeon
frekwinsje 1x jiers
datum maart / april
plak Los Angeles ( Kalifornje )
1e utrikking 1988
offisjele webside
www.nick.com/kids-choice-awards

De Nickelodeon Kids' Choice Awards (soms ofkoarte ta KCA's ) binne in groep Amerikaanske berneprizen dy't sunt 1988 elts jier troch de bernestjoerder Nickelodeon utrikt wurde foar de beste prestaasjes op it med fan muzyk , tillefyzje , film , literatuer en sport . De utrikkingsseremoanje fynt om ein maart of begjin april hinne plak yn Los Angeles of in foarsted derfan. De winners wurde utornearre troch de sjoggers fan it bernetillefyzjekanaal Nickelodeon . Will Smith hat it rekor fan 'e measte wune Nickelodeon Kids' Choice Awards , nammentlik tsien, al hat de tekenfilmrige Spongebob Squarepants der likefolle. Oare grutte winners binne Selena Gomez (8), Miley Cyrus (6), Amanda Bynes (6), Britney Spears (5) en Hilary Duff (4).

Sunt 2010 kinne bern ut Kanada ek har stim utbringe foar de Nickelodeon Kids' Choice Awards . Argentynje , Austraalje , Brazylje , Grut-Brittanje , Yndoneezje , Kolombia en Meksiko hawwe allegear har eigen nasjonale Nickelodeon Kids' Choice Awards . Yn 2014 waarden foar it earst ek de aparte Nickelodeon Kids' Choice Sports Awards utrikt, foar de beste prestaasjes op it med fan sport .

Kategoryen [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

  • favorite film
  • favorite filmakteur
  • favorite filmaktrise
  • favorite tillefyzjesearje
  • favorite tillefyzje-akteur
  • favorite tillefyzje-aktrise
  • favorite band
  • meast entusjaste sporter
  • favorite fideospultsje
  • favorite boek
  • favorite realityprogramma
  • favorite animearre biste- sidekick
  • favorite tekenfilmsearje
  • favorite tekenfilm fan spylfilmlingte
  • favorite stim yn in tekenfilm fan spylfilmlingte
  • favorite manlike regaadmakker
  • favorite froulike regaadmakker
  • favorite sjonger
  • favorite sjongster
  • favoryt liet
  • favorite app
  • favorite grapmakker
ofskafte kategoryen
  • favorite manlike sporter
  • favorite froulike sporter
  • favoryt sporttiim
  • Hall of Fame Award
  • Wannabe Award
  • Big Help Award
  • favorite bistestjer
  • skattichste pearke
  • favorite tillefyzje- sidekick
  • favorite regaadmakker

Keppelings om utens [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: References , op dizze side .