한국   대만   중국   일본 
Neiteam - Wikipedy Springe nei ynhald

Neiteam

Ut Wikipedy

Neiteam , neigeslacht , neislachte of kroas (bestiet allinnich yn in meartalsfoarm ) wurdt foarme troch persoanen dy't fan jinsels ofstamje . Oare synonimen binne neikommelingen , ofstammelingen of telgen , werfan't ek inkeltalsfoarmen besteane (neikommeling, ofstammeling, telch). Ta neiteam hearre jins bern , pake- of beppesizzers , oerpake- of -beppesizzers , betoerpake- of -beppesizzers en sa fierder. In direkte manlike neikommeling hjit in soan , en in direkte froulike neikommeling hjit in dochter . Yn 'e regel wurdt mei de oantsjutting 'neiteam' lykwols ferwiisd nei in unbeskaat tal generaasjes fan in famylje utgeande fan in persoan dy't yn it ferline libbe hat. Sa heart kening Willem-Alexander ( berne 1967 ) bygelyks ta de neiteam fan Willem fan Oranje ( 1533 - 1584 ).

It begryp dat tsjinsteld is oan neiteam is foaralden : Willem fan Oranje is ien fan 'e foaralden fan kening Willem-Alexander. De famyljeban tusken foaralden en neiteam is altyd lineer en ferrint dus fan pake en beppe op alden op bern op bernsbern ensfh. en net fia omkes en muoikes of neven en nichten . Wol kin dizze ban sawol yn 'e manlike line rekkene wurde, dus fia de famylje fan 'e heit , wat yn 'e Westerske maatskippij 'de rjochte line' hjit te wezen, as yn 'e froulike line , fia de famylje fan 'e mem . Willem-Alexander stammet bygelyks net yn 'e rjochte line of fan Willem fan Oranje, mar fan dy syn jongere broer Jan de Alde ; Willem-Alexander syn ofstamming fan Willem fan Oranje rint yn 'e froulike line, fia Albertine Agnes fan Oranje-Nassau , in dochter fan Willem fan Oranje syn soan Freark Hindrik , dy't mei har folle neef Willem Freark fan Nassau-Dietz troude , dat wer in pakesizzer fan Jan de Alde wie.

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: References , op dizze side .

Besibskip
earstegraads besibskip
alden  ( heit  ? mem ) | bern  ( soan  ? dochter ) | sibling  ( broer  ? suster )
twaddegraads besibskip
pake en beppe  ( pake  ? beppe ) | pake- en beppesizzer  | omke  | muoike  | omke- en muoikesizzer  | healsibling  ( healbroer  ? healsuster )
treddegraads besibskip
oerpake en -beppe  ( oerpake  ? oerbeppe ) | oerpake- en -beppesizzer  | aldomke  | aldmuoike  | aldomke- en -muoikesizzer  | neef  | nicht  | healomke  | healmuoike
fjirdegraads besibskip
betoerpake en -beppe  ( betoerpake  ? betoerbeppe ) | betoerpake- en -beppesizzer  | oeraldomke  | oeraldmuoike  | oeraldomke- en -muoikesizzer  | efterneef  | efternicht
skoanfamylje (gjin biologyske besibskip)
oarehelte  ( man  ? frou ) | skoanalden  ( skoanheit  ? skoanmem ) | sweager  | skoansuster  | skoanbern  ( skoansoan  ? skoandochter ) | oantroude omke  | oantroude muoike
styffamylje (gjin biologyske besibskip)
styfalder  ( styfheit  ? styfmem ) | styfbern  ( styfsoan  ? styfdochter ) | styfsibling  ( styfbroer  ? styfsuster ) | styfpake  | styfbeppe  | styfpakesizzer  | styfbeppesizzer  | styfomke  | styfmuoike  | styfomkesizzer  | styfmuoikesizzer
oar
adopsje  | allinnichsteande alder  | bloedsibskip  | famylje  | foaralden  | foarbern  ( foarsoan  ? foardochter ) | generaasje  | gesin  | hushalding  | ienlingsbern  | neiteam  | oansibskip  | oerwun bern  | ofstamming  | pleechgesin  | probandus  | list fan beneamings foar generaasjes