한국   대만   중국   일본 
Negroide ras - Wikipedy Springe nei ynhald

Negroide ras

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Negroide )

It negroide ras of it swarte ras is ien fan 'e trije haadrassen fan 'e minsklike soarte , neffens in no fierhinne efterhelle klassifikaasjesysteem op grun fan lichaamlike skaaimerken dat fral yn 'e njoggentjinde en de iere tweintichste iuw frij algemien yn gebruk wie. It wurd "negroide" kombinearret de stam "neger", dat no in bytsje in beladen term is mar eins gewoan "swart(e)" betsjut, mei de utgong "-oide", dy't "lykjend op" betsjut. Hoewol't it underwilens folslein dudlik wurden is dat der binnen de minske as biologyske soarte gjin wiere taksonomyske underskieden besteane, en dat alle libbene minsken ta deselde soarte en itselde ras hearre, wurdt de term "ras" as underskie fan hudskleur buten wittenskiplike fermiddens noch gauris brukt, al wurde termen as "ras" en "negroide" derby oer it algemien ferfongen troch eufemismen as "rasiale eftergrun" of "etnyske groep". Ien wittenskiplik med dat noch wol gebruk makket fan 'e alde oantsjuttings fan ras , is dat fan gerjochtlike lykskogings , om't it no ienris sa is dat de minsklike "rassen" justjes faninoar ferskillende fysike trekken hawwe, dy't fral ta utering komme yn it gesicht. Sa hawwe leden fan it negroide ras oer it algemien in runer antlit, mei in bredere, plattere noas en tsjukere lippen.

Tradisjonele yndieling [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Ta it negroide ras waard fansels de befolking fan Afrika besuden de Sahara rekkene (mar net dy fan 'e Hoarn fan Afrika , dy't ta it jeropide of blanke ras hearde). Swierrichheden waarden feroarsake troch de swarte befolkingsgroepen buten Afrika : de Dravidiers fan Sud-Yndia en Sry Lanka ; de Wedda's fan Sry Lanka ; de lanseigen befolking fan 'e Andamanen , yn 'e Golf fan Bengalen ; de Negrito -folken fan Sudeast-Aazje , de Papoea's fan Nij-Guinea en omlizzende eilannen; de Melaneziers fan 'e westlike Stille Oseaan ; en de Aboriginals fan Austraalje . Dy groepen hiene dan wol in swarte hudskleur, mar guon oare fysiologyske skaaimerken wieken totaal of fan 'e swarte Afrikanen. Likegoed waarden se allegearre mei-inoar op ien bulte smiten. De yndieling fan it negroide ras wie sadwaande ruchwei sa:

Galery fan it negroide ras neffens de alde klassifikaasje [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: References , op dizze side .