Nederlanske Antillen

Ut Wikipedy
Nederlandse Antillen
Flagge fan Nederlânske Antillen Wapen fan Nederlânske Antillen
Flagge Wapen
Lokaasje fan Nederlânske Antillen
Offisjele taal Nederlansk , Ingelsk , Papiamintsk
Haadsted Willemstad
Steatsfoarm lan binnen it Keninkryk fan de Nederlannen
Gebiet
% wetter
980 km²
-­%
Ynwenners ( 2009 ) 283.935
Munt Antiljaanske gune (ANG)
Tiidsone UTC -4
Lankoade AN
Ynternet .an
Tillefoan 599

De Nederlanske Antillen ( Papiamintsk : Antias Hulandes ) wienen oant 9 oktober 2010 in lan binnen it Keninkryk fan de Nederlannen , besteande ut fiif eilannen yn de Karibyske See dy't by twa eilannegroepen fan de Lytse Antillen hearre. De totale lanoerflakte wie 800 km², mei in ynwennertal fan 225.369 (2008). De befolkingstichtens lei dermei op 281,7/km² (2008). De haadsted en tagelyk fierwei de grutste sted fan de Nederlanske Antillen wiei Willemsted op it eilan Kurasau .

De Nederlanske Antillen, as oantsjutting fan alle Westyndyske eilannen fan it Keninkryk wurde al noch beskoge as ien fan de sibskipslannen .

Skiednis [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De eilannen waarden oan de ein fan de 15e iuw troch Alonso de Ojeda untdekt en yn 1634 troch de West-Yndyske Kompanjy op de Spanjerts ferovere. Yn de rin fan de tiid wienen de eilannen in pear kear yn hannen fan oare Europeeske mogendheden en hienen se ?yn wikseljende gearstallings? ferskate bestjoersfoarmen. Oan dizze koloniale status kaam in ein doe't op 15 desimber 1954 nei acht jier underhanneljen it Statut foar it Keninkryk fan de Nederlannen troch Nederlan , Suriname en de Nederlanske Antillen undertekene waard. Op dat stuit bestienen de Nederlanske Antillen ut Aruba , Bonere , Kurasau , Saba , Sint-Eustasius en in part fan it eilan Sint-Marten .

Op 1 jannewaris 1986 krige Aruba in status apart. Dat hold yn dat Aruba de status fan lan binnen it Keninkryk krige. Tagelyk waard ofpraat dat Aruba op 1 jannewaris 1996 unofhinklik wurde soe. Yn 1994 waard op fersyk fan Aruba it foarutsjoch op unofhinklikheid foar Aruba skrast.

Op 2 novimber 2006 waard tusken Nederlan, Kurasau en Sint-Marten in akkoard sluten, op grun werfan dizze beide eilannen in status apart binnen it Keninkryk krigen soenen, lykas dy fan Aruba. Earder wienen al ofspraken makke der't Saba, Sint-Eustasius en Bonere de status fan iepenbier lichem by krigen, en dan ferlykber mei dy fan in Nederlanske gemeente. Nederlanske wetjouwing sil der under kondysjes yn it plak komme fan de Antiljaanske. De ynwenners meie stimme foar de Twadde Keamer en it Jeropeesk Parlemint . Kurasau en Sint-Marten halde har eigen wetjouwing. Der kaam in Mienskiplik Hof fan Justysje foar Nederlan, Kurasau en Sint-Marten. Nederlan naam de skulden fan de Antillen (4 miljard gune) oer. Yn ruil derfoar meie de eilannen gjin lienings mear ofslute. De Nederlanske Antillen soenen as lan binnen it Keninkryk op 15 desimber 2008 untbun wurde. Dat is lykwols net slagge. De beslissing waard nommen op it polityk oerlis fan 30 septimber 2009, dat op Kurasau fiere waard tusken steatssekretaris Ank Bijleveld fan Kenkrykrelaasjes en de ferantwurdlike politisy fan de Nederlanske Antillen en de ofsunderlike eilannen. Doe waard besletten dat de Nederlanske Antillen as lan op 10 oktober 2010 opheft wurde soenen. Op dy datum waarden Kurasau en Sint-Marten selsstannige lannen binnen it Keninkryk. Bonere, Sint-Eustasius en Saba waarden bysundere gemeenten fan Nederlan.

Gebieten [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Nederlanske Antillen

De Nederlanske Antillen bestienen ut fiif eilangebieten:

Aruba , Bonere en Kurasau hearre ta de Underwynske Eilannen en lizze foar de kust fan Fenezuela ( Sud-Amearika ). De oare trije eilannen hearre ta Boppewynske Eilannen en lizze east fan Porto Riko .

It gebiet fan it Keninkryk op Sint-Marten is allinnich de sudlike helte fan it eilan Sint-Marten . De noardlike helte heart ta it Franske oerseeske departemint Gwadelup .

Ta de Nederlanske Antillen hearden ek in stikmannich lytsere eilannen, werunder:

Befolking [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Kurasau wie it grutste en befolkingsrykste eilan fan de Nederlanske Antillen. Bonere wie it twad-grutste en tinst befolke eilan. Karakteristyk foar Sint-Marten is it hege oantal butenlanners (ynwenners mei in oare as de Nederlanske nasjonaliteit): 49% fan de befolking komt earne oars wei. Op alle eilannen wurkje in soad arbeiders ut de regio: op de Boppewynske eilannen komme se meastentiids fan Haity , de Dominikaanske Republyk en Porto Riko , op de Underwynske eilannen komme se benammen ut Fenezuela.

Algemiene statistiken per eilan (CBS Ned. Antillen, 2004)
Gebiet Oerflakte Ynwennertal Bef.tichtheid
Aruba 180 103.065 573
Bonere 288 10.185 35
Kurasau 444 133.644 301
Saba 13 1.424 88
Sint-Eustasius 21 2.498 119
Sint-Marten 34 33.119 974
Totaal 800 180.870 303

Talen [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De offisjele talen fan de Nederlanske Antillen wienen sunt 2007 Nederlansk , Ingelsk en Papiamintsk . Papiamintsk is de folkstaal op de Underwynske eilannen. It is in kreoaltaal basearre op Portegeesk of Spaansk , mei in soad Nederlanske en ek Ingelske en Franske ynfloeden. Op de Boppewynske eilanden is Ingelsk de folkstaal. De skoallen wienen altyd Nederlansktalich, mar yn de leste jierren fan it lan wie besluten om op de basisskoallen it Papiamintsk en Ingelsk as underwiistaal yn te fieren. De middelbere skoallen bleaunen Nederlansktalich, omdat men gebruk makket fan itselde Sintraal Skriftlik Eineksamen as yn Nederlan en omdat in soad skoalbern nei de middelbere skoalle heger underwiis yn Nederlan folgje.

De Antiljaanske literatuer is benammen skreaun yn it Nederlansk en Papiamintsk, foar in lyts part ek yn it Ingelsk en Spaansk.

Meast sprutsen thustaal yn persinten fan de befolking, Folkstelling 2001
Gebiet Papiamintsk Ingelsk Nederlansk Spaansk Oars
Aruba 69 8 6 13 3
Bonere 75 3 9 12 2
Kurasau 81 3 8 6 2
Saba 1 88 2 5 4
Sint-Eustasius 2 83 4 6 6
Sint-Marten 2 68 4 13 13
Trochstrings 65 16 7 6 5

Religy [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De Nederlanske Antillen binne fierwei meast roomsk-katolyk . Derneist binne der op de Boppewynske eilannen grutte protestantske mienskippen ( pinkstergemeenten , metoadisten , baptisten , sandedeisadvintisten en anglikanen ). Op Kurasau en Sint-Marten bestiet derneist fan alds in frij grutte Joadske mienskip. Ek bestiet der op Kurasau en Sint-Marten in moslimmienskip .

Steatsynrjochting [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De Nederlanske Antillen hienen twa bestjoerslagen, it lansregear en de (fiif) eilanbestjoeren. It lansregear fan de Antillen siet yn Willemsted op Kurasau.

Guverneur [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De guverneur hat in dubele funksje: haad fan it regear as fertsjintwurdiger fan in keningshus yn de Keninkryksgebieten. Hy is net ferantwurdlik foar de besluten en dieden fan it regear.

De guverneur stie noed foar it algemien belang fan it Keninkryk en seach der op ta dat troch wetjouwings- en bestjoersorganen yn de Nederlanske Antillen gjin beslissings nomd waarden dy't de ienheid fan it Keninkryk skea dwaan koenen of dy't stridich binne mei de bepalingen fan it Keninkryksstatut of mei in ynternasjonale regeling. De utfierende macht lei by de guverneur yn gearwurking mei de Ried fan Ministers.

De guverneur waard deryn bystien troch in Ried fan Advys, dy't ut minstens fiif troch de guverneur sels beneamde leden bestie, dy't oer alle untwerpen fan lansferoarderingen, rykswetten, lansbesluten oer algemiene maatregels en soksoartige, advys utbringt. De guverneur is foarsitter fan dy ried, mar oefent dizze funksje allinnich ut by bysundere gelegenheden. In underfoarsitter, beneamd ut de leden fan de ried, hat de lieding fan de gewoane gearkomsten.

Regear [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De Kening wie haad fan it regear fan de Nederlanske Antillen; de kening waard as sadanich fertsjintwurdige troch de guverneur. De Ministers wienenb ferantwurdlik oan de Staten.

It regear fan de Nederlanske Antillen waard foarme troch de guverneur (yn fertsjintwurdiging fan de kening) en de Ried fan Ministers. De Kening beneamde de guverneur by Keninklik Beslut en dy beneamde op syn beurt de ministers.

Tradisjoneel levere elk eilan fan de Nederlanske Antillen ministers foar it sintrale regear. De ministerried wie ferantwurding skuldich oan de folksfertsjintwurdiging, de Steaten fan de Nederlanske Antillen (te fergelykjen mei de Twadde Keamer yn Nederlan).

De Steaten [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Foar de Nederlanske Antillen gou dat de Steaten de befolking fertsjintwurdigen. Se waarden by algemiene ferkiezings foar fjouwer jier keazen. De folksfertsjintwurdiging fan de Nederlanske Antillen bestie ut 22 leden (Kurasau 14, Bonere 3, Sint-Marten 3 en Saba en Sint-Eustasius elk 1). Tegearre mei de guverneur foarmen hja de wetjaande macht. De folksfertsjintwurdiging hie it rjocht fan amendemint, fan enkete en fan ynterpellaasje. Hja hienen ek it rjocht fan inisjatyf. De lansbegrutting moast troch harren goedkard wurde.

Eilangebieten [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Elk eilangebiet hie in eigen bestjoer dat bestiet ut de eilansried , it bestjoerskolleezje en de bewaldhawwer . De eilansrieden fan Kurasau (21 leden), Bonere (9 leden), Sint-Marten (11 leden), Saba (5 leden) en Sint-Eustasius (5 leden) fertsjintwurdigen de befolking fan it eilangebiet. De leden waarden foar fjouwer jier keazen. It bestjoerskolleezje en de bewaldhawwer wienen ferlykber mei it kolleezje fan boargemaster en wethalders yn in Nederlanske gemeente. It bestjoerskolleezje foarme it deistich bestjoer fan it eilangebiet en fierde de besluten fan de Eilansried ut.

Status binnen de Europeeske Uny [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Binnen de Jeropeeske Uny hienen de Nederlanske Antillen de status fan lannen en gebieten oersee (LGO).

Yn 2010 binne Bonere, Saba en Sint-Eustasius Nederlanske gemeenten gelyk wurden. Kurasau en Sint-Marten binne krekt as Aruba autonome lannen binnen it Keninkryk fan de Nederlannen wurden. De Nederlanske Antillen binne dermei ophalden te bestean.

Ekonomy [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De ekonomy fan de Nederlanske Antillen stipe op trije pylders: it toerisme , de ierdoalje en de (finansjele) tsjinstferliening. De ynfloed en de groei fan eltse sektor ferskilt sterk fan eilan ta eilan. De oalje-yndustry, ferfierssektor, havenaktiviteiten en finansjele tsjinstferliening binne essinsjeel foar de ekonomy fan Kurasau. Willemsted hat ien fan de grutste havens yn de regio. De oare grutte eilannen hawwe har spesjalisearre yn de toeristyske sektor. De Antiljaanske ekonomy wie dertroch hiel bot op it butenlan oriintearre en foar in grut part ofhinklik fan ymport. De Nederlanske Antillen wienen gjin lid fan de Jeropeeske Uny , mar se wurde der wol mei assosjearre. Dat biedt in tal hannelsfoardielen. De Antilliaanske munt wie de Antiljaanske gune , dy't keppele wie oan de Amerikaanske dollar .

Alle jierren joech Nederlan help oan de Nederlanske Antillen. Dy help waard benammen ynsetten foar rjochtshanthavening, underwiis, bestjoerlike untwikkeling en duorsume ekonomyske untwikkeling.

Keppelings om utens [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]