Nederlanske Herfoarme Tsjerke

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Nederlansk Herfoarme Tsjerke )

De Nederlanske Herfoarme Tsjerke wie, sunt 1816 , de namme foar de Nederduits(ch) Gereformeerde Kerk dy't yn de Tachtichjierrige Kriich de offisjele tsjerke fan de Republyk fan de San Feriene Nederlannen wurden wie. Foar 1816 hjitte dit tsjerkegenoatskip folut de Nederduits Gereformeerde Kerk . Op 1 maaie 2004 is de Nederlanske Herfoarme Tsjerke mei de Grifformearde Tsjerken yn Nederlan en de Evangelysk-Lutherske Tsjerke opgienn yn de Protestantske Tsjerke yn Nederlan (PKN).

Skiednis [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Nei de befrijing fan it Franske bewald waard Willem I kening fan Nederland. Earst alinne fan Noardlik Nederlan, letter fan it Feriene Keninkryk fan de Nederlannen . Kening Willem I hold him ek dwaande mei tsjerklike fraachstikken. Hy liet foar de Nederlanske Herfoarme Tsjerke in tsjerkeoarder untwerpe. Op 7 jannewaris 1816 waard it Algemeen Reglement voor het bestuur der Nederlandsche Hervormde Kerk in het Koningrijk der Nederlanden , by Keninklik Beslut goedkard en krige de tsjerke har offisjele namme Nederlandse Hervormde Kerk .

In soad tsjerkeleden seagen dit as ynminging yn steatssaken en funen dat net winslik. Benammen by de Universiteit fan Leien wie der ferset tsjin.

Ferset tsjin dizze untjouwings late yn 1834 ta it ut it amt setten fan Hendrik de Cock , dy't predikant yn Ulrum wie. De beweging dy't der't untstie wurdt de Ofskieding neamd en op meardere plakken yn Nederlan waarden prikanten ut it amt set of festset. Yn 1886 soe mei de Doleansje in nije ofskieding plak hawwe under lieding fan de Amsterdamske predikant Abraham Kuyper , dy't ek in antirevolusjoner politikus mei in protte ynfloed, sjoernalist en wittenskipper wie. Ut de gerabringing fan de dolearende tsjerken en de tsjerken , dy't ut de Ofskieding fan die 1834 fuortkaam wienen, untstienen yn 1892 de Grifformearde Tsjerken yn Nederlan .

Modaliteiten [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

It untstean fan protestantske streamings yn Nederlan

De Nederlanske Herfoarme Tsjerke hat altyd in grutte ferdieldheid kend.

Yn de jierren 1830 wienen de Grinzer Godgelearden in groep 'mei in soad ynfloed dy't fernijingen woe yn de tsjerke.

Benaud dat dy in te grutte ynfloed krije soenen, kamen op 12 oktober 1864 69 predikanten, 50 alderlingen en inkelde leden yn Utert by inoar om in feriening "tot verschaffing van hulp en leiding aan gemeenten en personen in de Nederlandsche Hervormde Kerk, die om des geloofs wil in nood verkeren" op te rjochtsjen, de Konfesjonele feriening , dy't lytser, noch hieltyd bestiet yn de PKN.
Yn 1906 untstie it saneamde Grifformearde Bun yn de Nederlanske Herfoarme Tsjerke hjirut, in behaldende streaming dy't ful tsjin eltse spjalt wie en tsjin frijsinnich herfoarme streamings. In protte fan de oprjochters wienen lid fan de Konfesjonele Feriening.

In 1913 stiften de Frijsinnich Herfoarmden in eigen modaliteit , de Feriening fan Frijsinnige Herfoarmden , dy't no noch bestiet yn de PKN under de namme Feriening fan Frijsinnige Protestanten . Om 1920 untstie tusken de frijsinnigen en de konfesjonelen de Etyske Feriening . Opheft yn de jierren 30 waard har plak nei de Twadde Wraldkriich ynnaam troch de middenortodoksy.

Yn de jierren 60 begjinne de griffoamearde, lutersen en herfoarmen in gearwurkingsproses: Samen op Weg . Fan it Gereformeerde Bond en it ultra-ortodokse Gekrookte Riet ) kaam in soad protest tsjin dizze untwikkeling, mar it sette troch en op 1 maaie 2004 binne hja opgien yn de Protestantske Tsjerke yn Nederlan . Fierwei it grutste part fan it Grifformearde Bun is mei gien nei de PKN. De oerbliuwende herfoarmden (sa'n 55.000) hawwe harren ferienige yn de Wersteld Herfoarme Tsjerke .

Op 31 maaie 1995 oppenearre in groep herfoarme en grifformearde predikanten harren mei in ‘Evangelisch Manifest’, der't hja in fjurrich langstme nei in geastlike fernijing yn Nederlanske Tsjerke yn ta utering brochten. Derut is nije beweging groeid yn de SoW-tsjerken (no PKN). De beweging, dy't him Evangelysk Wurkferban neamt, groeide hurd yn grutte en impact. Fral yn de lanlike opset foar de 'Gemeente Groei Groepen' en de utjefte fan de Evangelyske Lietebondel kaam dat ta utering. Tsjintwurdich is de stichting utgroeid ta in fitale beweging yn de Protestantske Tsjerke.

Ferpyldering [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Hoewol't de grifformearden oant de jierren 70 in aktivistyske pylder hiene mei in eigen omrop, de NCRV, eigen krante (yn 't earstoan De Standaard , letter Trouw ), eigen politike partij ( Anti Revolusjonere Partij ), eigen universiteit ( Frije Universiteit ) en eigen skoallen, kenden de herfoarmen gjin pylder. De leden fan it Grifformearde Bun wurken faak gear mei de grifformearden (en fan de jierren santich mei de befyndlik grifformearden ), wylst de Kristlik-Histoaryske Uny foar it measte part bestie ut (middenortodokse en konfesjonele) herfoarmden.

Inkelde feiten [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De Nederlanske Herfoarme Tsjerke hie trije soarten leden:

  • berteleden - as lid beskoge omdat ien of beide alden lid wiene of omdat de partner lid is
  • doopleden - doopte leden
  • belidende leden - dy't neist doopt ek belidenis oflein hiene

Ein 2003 telde de Nederlanske Herfoarme Tsjerke 1.823.085 leden. Der wiene doe goed 1750 herfoarme gemeenten yn Nederlan, der't fjirtrjin Waalske Herfoarme gemeenten en twa Skotske gemeenten (yn Amsterdam en Rotterdam) under wiene.

Literatuer [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]