한국   대만   중국   일본 
Napoleontyske Oarloggen - Wikipedy Springe nei ynhald

Napoleontyske Oarloggen

Ut Wikipedy
Slach by Waterloo

Under de term Napoleontyske Oarloggen wurdt in rige oarloggen en konflikten ferstien tusken 1803 en 1815 . De oarloggen wienen in utrinder fan de Franske revolusje en oerspanden in diel fan de Earste Franske Republyk en it hiele bestean fan it Earste Franske Keizerryk .

De term Koalysjeoarloggen wurdt ek wol brukt foar de hiel perioade fan oarloch tsjin Frankryk, net allinnich de Franske revolusjonere oarloggen ( Earste en Twadde Koalysjeoarloch , 1792 - 1802 ) as de Napoleontyske Oarloggen (1804-1815). De oarloggen waarden nammentlik alle kearen fochten tusken Frankryk en in koalysje fan lannen as tsjinstanner. Sunt 1799 hat Napoleon Bonaparte yn Frankryk de macht. Hy ferovert hast it hiele Europeeske kontinint, mar nei de ferovering fan Moskou yn 1812 keare de kansen. Yn 1815 wurdt hy by Waterloo definityf ferslein. Op it Wener Kongres wurdt in nij Europeesk machtslykwicht foarme.