Nachtklup

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Nachtklub )
In nachtklup op Ibytsa .

In nachtklup (ek skreaun as nachtklub of nachtclub ) is in type utgeansgelegenheid dat syn namme tanket oan it feit dat it yn 'e nachtlike oeren iepen is. Sokke saken befine har oer it algemien yn gruttere plakken , mar net altyd. Yn noardlik Fryslan stiet it doarp Berltsum bygelyks bekend om 'e kloft nachtklups dy't der festige binne. By in nachtklup kin it gean om in diskoteek , in nachtlik poppoadium , in jazzklup of in saak dy't rjochte is op eroatysk fermaak , mei gastfroulju, strippers dy't op poadia stripteases utfiere en mooglik ek mei prostituees . Guon nachtklups kombinearje eleminten fan ferskillende fan 'e foarneamde kategoryen. It is ek mooglik dat in nachtklup op ferskillende junen yn 'e wike in ferskillende funksje hat. Yn sa'n gefal wurdt ornaris utgien fan in fest skema. Wat de drokste junen binne foar nachtklups ferskilt per plak, mar oer it algemien binne it freed - en/of sneontejun , mei't de klupgongers dan de oare deis, yn it wykein , utsliepe kinne.

Nachtklups underskiede har fan bars , pubs en kafees troch tafoeging fan in dunsflier en teffens fan in poadium foar muzikanten dy't live muzyk fersoargje of, yn it gefal fan elektroanyske muzyk , house of hiphop , foar in live-discjockey , dy't platen draait. Gruttere nachtklups omfetsje faak mear as ien dunsflier, en soms ek mear as ien poadium der't tagelyk optreden wurde kin. Luksere nachtklups hawwe fierders faak in VIP-room dy't inkeld tagonklik is foar pommeranten en harren entoeraazje . Frijwol alle nachtklups hawwe by de doar ien of mear utsmiters om lestige of smoardronken klanten of te fieren en slaanderij en oare swierrichheden butendoar te halden. By eksklusive nachtklups hawwe sokke utsmiters ek de taak om te bepalen wa't deryn komt en wa net. Soks hat te krijen mei (nei willekeur opstelde) kleanfoarskriften , mar it wurdt gauris brukt om rasisme te behimmeljen troch bgl. lju mei in dunkere hudskleur te wegerjen op basis fan harren klaaiing.

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: References , op dizze side .