De
NCRV
(Nederlanske Kristlike Radio-Feriening;
Nederlansk
:
Nederlandse Christelijke Radio-Vereniging
) wie in
Nederlanske publike omropferiening
. De protestantsk-kristlike NCRV, oprjochte yn
1924
en fan protestantsk-kristlike oertsjuging, wie de aldste omrop fan
Nederlan
. Yn 2014 fusearre de NCRV mei de KRO ta de
KRO-NCRV
.
De earste tsientallen jierren liet de omrop in ortodoks-protestantsk (
grifformeard
) lud hearre. De measte oare publike omroppen kamen fuort ut it maatskiplik middenfjild, as inisjatyf fan boargers. De radio wie foar de oprjochters fan de NCRV wichtich foar evangelisaasje op plakken der't men oars gjin tagong hie. It wie ek in middel om 'it kristlik folksdiel' te stypjen en te befestigjen.
De taak wie rommer as it utstjoeren fan tsjerketsjinsten, moarnswijingen en soksoarte saken. Dochs wie it utstjoeren fan tsjerketsjinsten goed foar de ferhalding mei de tsjerken, wat sines die ta de besteanssekerheid fan de NCRV.
Fanwege de komst fan de
EO
yn
1967
koe de NCRV him fierder untjaan ta in iepener omrop, dy't minske- en mienskiprjochte is, fanut de protestantsk-kristlike ynspiraasje.
Hjoed-de-dei is de missy fan de omrop:
"De NCRV is een maatschappelijk betrokken mediaorganisatie die zich laat inspireren door het protestants-christelijke gedachtegoed en zich inzet voor de kwaliteit van de samenleving"
en makket er foar it grutste part programma’s foar radio, telefyzje en ynternet dy't net (allinnich) te meitsjen hawwe mei it kristlik leauwe. Fan augustus
2010
of waard der praat mei de
IKON
,
KRO
en
RKK
oer in mooglike fuzje ta in grutte konfesjonele omrop. De IKON heakke letter of en gie gearwurkjen mei de
EO
. Yn maaie
2011
waard buorkundich makke dat de KRO en NCRV mooglik fusearje soene en mei yngong fan
1 jannewaris
2014
waard dat in feit under de namme
KRO-NCRV
. Op 1 jannewaris
22019
fusearren de Feriening NCRV mei de Feriening KRO ta de nije Feriening KRO-NCRV.
Sunt de ynfiering fan it programmearmodel fan septimber
2006
wiene de measte programma’s fan de NCRV te finen op
Nederlan 2
. Bekende titels wiene
Altijd Wat
en
Man bijt hond
. Mar ek op it bredere, mear op ferdivedaasje rjochte Nederlan 1 wienne as NCRV-programma’s te sjen, lykas
Praatjesmakers
,
De rijdende rechter
,
Babyboom
en
Een tegen 100
. Op Nederlan 3 joech de NCRV ek programma’s. Op
Zapp
waard de NCRV fertsjintwurdige mei programma's foar de jongerein as
Willem Wever
, De
BZT-Show
en
SpangaS
.
Bekende NCRV telefyzje-programma's ut it ferline binne:
Swiebertje
(fan de jierren ’60 of)
Stiefbeen & Zoon
(’63),
Farce Majeur
(’66),
De Glazen Stad
(68),
Bartje
(’72),
De Kleine Zielen
(69),
De kleine waarheid
(70),
Memorandum Van Een Dokter
(63),
Het meisje met de blauwe hoed
(’73),
De koperen tuin
(’75),
Sil de strandjutter
(’76),
Showroom
(’77),
De Zevensprong
(’82) en
De zomer van ’45
(’91),
Holidayshow
('90),
Pommetje horlepiep
(76),
Ted's familiespelshow
('89)
Thomas & Senior
(85)
alfabetysk oardere