한국   대만   중국   일본 
Musikology - Wikipedy Springe nei ynhald

Musikology

Ut Wikipedy

Musikology of muzykwittenskip is de wittenskiplike studzje fan muzyk op universiter nivo. Derby komt it sels praktisearjend muzisearjen net oan bar, it leze kinnen fan muzyk partitueren derfoaroer al. Fierwei de measte studinten ha dan ek in muzikale foarming efter de rech. Guon kombinearje musikology ek mei konservatoarium . Musikology beeaget under oaren de studzje fan de muzykskiednis en fan de muzykteory (under oare harmony en kontrapunt ut ferskate perioades). Ek de analize fan partitueren is in wichtich aspekt. Derneist hat musikology ek omtinken foar sosjale , psychologyske , en technologyske aspekten fan it muzykbelibjen. Derby stiet de muzyk as klank sintraal. Yn 't earstoan, dat is sa, wie de musikology benammen rjochte op it reden ut it ferjitboek fan alde masters (lykas bygelyks Antonio Vivaldi en it skriuwen fan romantisearre biografyen ; yn de rin fan de 20e iuw krige de musikology in echt wittenskiplike status. Wichtige persoanen yn de opgong fan de musikology as wittenskiplike dissipline binne Carl Dahlhaus en Helga de la Motte .

It wichtichst musikologysk neislachwurk oer klassike muzyk is the New Grove Dictionary of Music and Musicians . Der is ek in Dutske tsjinhinger, de MGG ( Musik in Geschichte und Gegenwart ).

Etnomusikology giet om musikology yn etnyske kontekst.

Oplieding [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Yn Nederlan binne opliedings oan de Universiteit fan Amsterdam en oan de Universiteit Utert , yn Flaanderen wurdt " Master yn de musikology" jun oan de Katolike Universiteit Leuven en oan de Universiteit Gent .

Keppelings om utens [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]