Motorhead

Ut Wikipedy
Motorhead
band
Logo fan Motörhead
Logo fan Motorhead
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Britsk
sjongtaal Ingelsk
sjenre Hardrock
Metal
bestean 1975 - 2015
label(s) Sanctuary,
SPV,
Epic,
GWR,
Bronze
ald-leden Larry Wallis (gitaar) (sang) (1975-1976) †
Eddie Clarke (gitaar) (1976-1982) †
Brian Robertson (gitaar) (1982-1983)
Michael Burston (gitaar) (1984-1995) †
Phil Taylor (drums) (1975-1984), (1987-1992) †
Pete Gill (drums) (1984-1987)
Tommy Aldridge (drums) (1992)
leden
Bas & Sang Lemmy Kilmister
Gitaar Phil Campbell
Drums Mikkey Dee
F.l.n.r.: Campbell, Dee, and Lemmy in 2005
Motorhead, life yn Rome 2007

De Motorhead wie fan 1975 oant 2015 in heavymetalband ut Londen . De band waard yn 1975 oprjochte troch Lemmy Kilmister (1945?2015), earder bassist fan Hawkwind en roadie fan Jimi Hendrix . De muzyk fan Motorhead hat de muzyk fan oare bands beynfloede, lykas dy fan Alice In Chains , Metallica , The Sisters of Mercy , Queens of the Stone Age en Killing Joke . Har' bekendste numers binne Ace of Spades en Orgasmatron . Ace of Spades is under oare covere troch Peter Pan Speedrock en Blood For Blood . Orgasmatron is covere troch Sepultura .

Skiednis [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Motorhead untsie neidat bassist Lemmy yn de maaitiid fan 1975 ut de band Hawkwind set waard fanwegen tsjinoerstelde opfettingen oer drugsgebruk, (Lemmy brukte amfetamine , de oare bandleden lsd ), en yn Ingelan foarme hy in nije band. Hja hiene it plan om de band " Bastard " te neamen, mar uteinlik waard it " Motorhead ", nei it leste numer dat Kilmister skreaun hie foar Hawkwind. Motorhead is slang foar in amfetaminebruker. De umlaut op de twadde O hat gjin ynfloed op de utspraak. Lemmy hat ris sein dat de umlaut op de leste "O" stiet om de namme der "Dutsk" (en dus gemiener) ut sjen te litten.

De earste besetting fan Motorhead bestie ut Lemmy, Larry Wallis , de eardere gitarist fan de Pink Fairies , en drummer Lucas Fox . In july 1975 hiene hja harren earste optreden, en letter dat jier namen se har earste album op. Wilens de opnames fan it album ferliet drummer Fox de band. Hy waard ferfongen troch Phil Taylor . Dit album waard lykwols net troch de platemaatskippij utbrocht, mar doe’t Motorhead in pear jier letter sukses krige, waard it album "On Parole" dochs noch utbrocht. frij fluch der nei waard der in nije gitarist oannaam, Eddie Clarke . Wernei Wallis ut de band stapte. Dizze formaasje, besteande ut Lemmy , Phil en Eddie Clarke , wurdt sjoen as de klassike Motorhead besetting.

Yn 1977 kaam it earste offisjele album ut, "Motorhead" . It album sloech oan, by sawol it metal - as it punkpublyk . De twa opfolgjende albums, "Overkill" en "Bomber" waarden ek in sukses.

Yn 1980 waardt it album "Ace of Spades" utbrocht. It album berikte de top-tsien fan de Britske hitlisten en de single mei deselde namme waard ien fan de grutste hits fan Motorhead. In jier letter brocht de band syn earste live-album "No Sleep 'Til Hammersmith" ut.

Nei in ruzje mei Kimister yn 1982 stapte Clarke ut de band. De reden fan de ruzje soe in gearwurking tusken Motorhead en Wendy O. Williams , de sjongeres fan the Plasmatics , weze. Dizze gearwurking brocht in cover fan Tammy Wynette har "Stand by your man" foar. Clarke waard ferfongen troch Brian Robertson , earder gitarist fan Thin Lizzy . Robertson bleau ien album ("Another Perfect Day") lang en waard yn 1984 ferfongen troch twa gitaristen, Michael Burston en Phil Campbell earder gitarist fan Persian Risk . Drummer Taylor ferliet de band en waard ferfongen troch Pete Gill . yn 1987 kaam Taylor tydlik wer werom by de band, om yn 1992 te wurden ferfongen troch Mikkey Dee . Nei it fertrek fan gitarist Burston yn 1996 wie Motorhead wer in trijemans formaasje en hja brochten elke twa jier in nij studio-album ut.

Yn 2015 ferstoar oprjochter fan de band Lemmy Kilmister yn de alderdom fan 70 jier oan de gefolgen fan kanker; dy sykte wie twa dagen foar syn dea feststeld, it betsjutte it ein fan Motorhead.

Besetting [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Diskografy [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Studio-albums [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Album Utbrocht op Label Single(s)
Motorhead 21 augustus 1977 Chiswick Motorhead
Overkill 24 maart 1979 Bronze Overkill,
No Class,
Louie Louie
Bomber 27 oktober 1979 Bomber
On Parole 8 desimber 1979 United Artist
Ace of Spades 8 novimber 1980 Bronze Ace of Spades
Iron Fist 17 april 1982 Iron Fist,
Go to Hell
Another Perfect Day 4 juny 1983 I Got Mine,
Shine
Orgasmatron 9 augustus 1986 GWR Deaf Forever
Rock 'n' Roll 5 septimber 1987 Eat the Rich,
Rock 'n' Roll
1916 21 jannewaris 1991 Epic The One to Sing the Blues
March or Die 14 augustus 1992 Hellraiser
Bastards 29 novimber 1993 ZYX Don't Let Daddy Kiss Me,
Born to Raise Hell
Sacrifice 11 july 1995 Steamhammer
Overnight Sensation 15 oktober 1996
Snake Bite Love 10 maart 1998
We Are Motorhead 16 maaie 2000 God Save the Queen ( Sex Pistols cover) ,
We Are Motorhead
Hammered 9 april 2002
Inferno 22 juny 2004
Kiss of Death 29 augustus 2006
Motorizer 26 augustus 2008
The World Is Yours 14 desimber 2011 UDR Get Back in Line
Aftershock 21 oktober 2013 Crying Shame
Bad Magic 28 augustus 2015

Live-albums [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Album Utbrocht op Label
No Sleep 'til Hammersmith 27 juny 1981 Bronze
What's Words Worth? 5 maart 1983 Big Beat
No Sleep at All 15 oktober 1988 GWR
Blitzkrieg on Birmingham '77 1989 Receiver
Lock Up Your Daughters 1978 1990
Live at Brixton '87 12 april 1994 Roadrunner
Everything Louder than Everyone Else 9 maart 1999 Sanctuary
25 & Alive: Live at Brixton Academy 9 desimber 2003 Steamhammer
BBC Live & In-Session 20 septimber 2005 Sanctuary
Better Motorhead than Dead: Live at Hammersmith 16 july 2007 Steamhammer
The World Is Ours - Vol. 1: Everywhere Further Than Everyplace Else 22 novimber 2011 UDR
The World Is Ours ? Vol. 2: Anyplace Crazy as Anywhere Else 2 oktober 2012
Clean Your Clock 10 juny 2016
Louder Than Noise... Live in Berlin 23 april 2021 Silver Lining Music

Kompilaasje-albums [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Album Utbrocht op
No Remorse 15 septimber 1984
Anthology 1986
Welcome to the Bear Trap 1990
Meltdown 1991
All the Aces 1993
The Best of Motorhead 6 july 1993
Protect the Innocent 25 augustus 1997
Deaf Forever: The Best of Motorhead 8 augustus 2000
The Best Of 26 augustus 2000
Over the Top: The Rarities 26 septimber 2000
Tear Ya Down: The Rarities 7 maaie 2002
Hellraiser: Best of the Epic Years 17 maart 2003
The Essential Motorhead 2007
You'll Get Yours: The Best of Motorhead 4 oktober 2010
Under Cover 2017

Boeken [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Titel Utbrocht op Skriuwer
Lemmy, White Line Fever 2002 Lemmy Kilmister
Janiss Garza
Lemmy, In His Own Words 2002 Harry Shaw

Films [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

  • Eat the Rich (1987)
  • Lemmy (2011)

Grammy Awards [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

  • 2005 Best Metal Performance ( Whiplash )