한국   대만   중국   일본 
Mos Eisley - Wikipedy Springe nei ynhald

Mos Eisley

Ut Wikipedy

Mos Eisley is in fiktive delsetting op 'e planeet Tatooine ut 'e Star Wars -franchise . It is in romtehaven mei fasiliteiten foar ferdivedaasje fan romtefarders , lykas kroegen en bordelen . Op it dochs al unfeilige Tatooine is Mos Eisley berucht om syn wetteleazens. It plak waard yntrodusearre yn 'e film Star Wars: Episode IV ? A New Hope ut 1977 , weryn't it personaazje fan 'e Jedi-master Obi-Wan Kenobi (spile troch sir Alec Guinness ) Mos Eisley omskriuwt as "in ellindich broeinest fan tuch en gemienheid."

De bekendste sene yn Mos Eisley ut A New Hope spilet yn in skobberige kroech, de Mos Eisley Cantina, der't leden fan withoefolle rassen fan butenierdske wezens gearkloftsje yn in skimerige romte mei live muzyk fersoarge troch in bandsje . Dy sene hie grutte ynfloed op fans fan Star Wars en is noch altyd ien fan 'e bekendste stikjes ut 'e hiele franchise. De opnamen foar de butendoarsenes yn Mos Eisley funen yn 1975 en 1976 yn Tuneezje plak, wylst de binnendoarsenes filme waarden yn 'e Elstree Studios yn it Ingelske greefskip Hertfordshire .

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: References , op dizze side .