한국   대만   중국   일본 
Morfine - Wikipedy Springe nei ynhald

Morfine

Ut Wikipedy
Morfine: (5α,6α)-Didehydro-4,5-epoxy-17-methylmorfinaan-3,6-diol

Morfine is in kreftich narkoatysk analgetikum (pynstiller) dy't in protte brukt wurdt yn de geneskunde. De apteker Friedrich Serturner makke yn 1804 it alkaloide morfine (C 17 H 19 NO 3 ) ut opium frij.

Hoewol't morfine yn prinsipe syntetysk makke wurde kin, wurdt de grunstof wer't morfine ut makke wurdt (de rauwe opium) noch altyd troch de moankop ( papaver somniferum ) levere. Opium is de aldst bekende pynstiller.

It terapeutysk bruken fan opiaten (lykas yn it ramt fan pinebehanneling) jout gjin ferslaving. Lichaamlike wenning kin wol foarkomme; dat betsjut dat by it samar ophalden fan it gebruk unthaldingsferskynsels foar komme kinne of dat de dosearring ferhege wurde moat foar itselde effekt. In opiaat moat derom ek stadichoan ofboud wurde.

Yndikaasjes om morfine foar te skriuwen binne akute slimme pine (post-operatyf, hertynfarkt ) en by astma kardiale .

Morfine wurdt ek brukt bt groanyske slimme pine, bygelyks yn it einstadium fan in sykte as kanker. Dernjonken wurdt morfine brukt as premedikaasje foar anestesy , en as analgetikum under in operaasje.