한국   대만   중국   일본 
Monteedraverij - Wikipedy Springe nei ynhald

Monteedraverij

Ut Wikipedy

In monteedraverij of draverij under de man/frou is in draverij mei hynders under it seal. Yn Nederlan rinne meast hynders dy’t foar de sulky net hurd genoch geane, montee giet meastentiids 1-2 sekonden stadiger. Lang net alle dravers binne geskikt foar de montee. Foar dravers is it lestich om in goede balans te finen om hurd te draven mei in ruter op de rech. Yn it earstoan waard der in soad lichtriden, mar der binne geandewei mear ruters dy’t gewoan stean gean op harren hynders sa min mooglik te steuren yn de balans.

Dravers wurde meast fan trije jier of ynriden at se ek traind wurde under seal. At hynders net traind wurde under seal kinne se folle alder noch ynriden wurde omdat se de draver dan dochs noch yn de monte bruke wolle. Ynride s dan faak makliker omdat de hynder dan al bitwiis binne. Yn Nederlan wurde oars as yn it butenlan meast dravers brukt dy’t net hurd genoch mear kinne foar de sulky. Yn Frankrykis it in folweardch sportunderdiel. Meastal wurdt yn Nederlan riden mei in minimaal gewicht, bygelyks 65 kilo. At de ruter lichter is wurdt in leadtekken under it seal dien.

Oanpassings [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De hynders drave mei in knibbelbeskermer. At it hynder syn eigen knibbel rekket, giet er yn galop en wurdt utskeakele. Om it seal komt in dubele singel sadat it net nei efteren skowe kin. Om de hynders sa min mooglik prikkels krije te litten krije se in earkape op. Op de hoeven komme in soarte rubberen ‘skuontsjes’. Ruters drage in helm. De rech fan it hynder wurdt untleste en de linen wat koarter mei hannen op de hals om mar safolle mooglik kontakt te hawwen mei de bek fan it hynder. At it kontakt fuort is giet it hynder yn galop.

Koers [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De bettere hynders krije 20 of 40 m foarsprong. Yn Nederlan wurde gjin autostarts under it seal dien. Odat der net folle monteehynders, wurde de koersen utskreaun op bannestart: dravers draaie runtsjes tusken oer de baan spande elastiken. Nei de tekst "Reemeitsje ... op jo plakken 1, 2, 3, of!" sjitte de elastiken fuort.

By de Jouster Merkedraverij fan Hurddraverij en Rinferiening De Jouwer wurdt de koartebaanwedstryd halden op in gersbaan.

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: