한국   대만   중국   일본 
Montaazje (film) - Wikipedy Springe nei ynhald

Montaazje (film)

Ut Wikipedy
In filmeditor oan it wurk yn 1946 .

Montaazje , of yn it Ingelsk film editing , is yn it ramt fan 'e filmkeunst in sawol kreatyf as technysk underdiel fan 'e postproduksje . De term giet tebek op it tradisjonele 'knip- en plakwurk' fan 'e filmrol , dat tsjintwurdich almar mear dien wurd mei digitale elektroanika . Immen dy't de montaazje foar in film docht, wurdt in filmeditor neamd. It wurk fan sa'nent begjint as de opnamen ofrune binne. De filmeditor kriget dan alle rouwe byldmateriaal en stalt derut shot foar shot en sene foar sene de uteinlike film gear. Filmmontaazje is in tige sekuer wurkje en nimt almeast moannen yn beslach. Soms komt men geandewei ta de konkluzje dat der noch guon krusjale bylden misse, sadat de akteurs weromroppen wurde moatte foar in reshoot of in pick-up . Behalven dat soks unpraktysk is, is it ek tige djoer, dat filmmakkers besykje soks safolle mooglik foar te kommen.

De montaazje fan films wurdt wol omskreaun as in keunstfoarm of feardichheid. Behalven by it meitsjen fan films wurdt dizze technyk ek tapast foar it meitsjen fan tillefyzjeprogramma's . It underskiedt de filmkeunst fan eardere keunstfoarmen, lykas skilderjen of it skriuwen fan poezij . It wurdt ek wol omskreaun as "de unsichtbere keunst", om't it film- of tillefyzjepublyk him oer it algemien folslein unbewust is fan it wurk fan 'e (film)editors.

Wer't it by montaazje fan film- en tillefyzjebylden eins om giet, is it gearstallen fan it rouwe byldmateriaal ta in gearhingjende opienfolging fan bylden, der't de sjoggers ut folgje kinne wat der bart. Der komt mear by te sjen as simpelwei it begjin en de ein fan in shot of sene derof te snijen en de shots en senes oaninoar te plakken. Faak wurdt ien shot troch ferskate kamera's ut ferskillende hoeken wei opnommen; de filmeditor moat dan letter bepale hokker bylden brukt wurde. Derby moat rekken holden wurde mei de beskikbere bylden, de plot , dialooch en romte tusken dialooch, filmmuzyk , en de gesichtsutdrukkings , gebearten en oar halden en dragen fan 'e akteurs . Op dy wize werferbyldt de filmeditor it ferhaal. By it meitsjen fan in film spilet de filmeditor sadwaande in dynamyske rol, en wurket hy of sy nau gear mei de regisseur . Oan 'e oare kant komt it ek foar dat regisseurs sels de montaazje fan harren films dogge, lykas Akira Kurosawa of de Bruorren Coen wol dien hawwe.

Troch de opkomst fan digitale montaazje binne filmeditors en harren assistinten ferantwurdlik wurden foar in soad dingen op it med fan it meitsjen fan films dy't foarhinne troch oaren dien waarden. Foarhinne hold in filmeditor him inkeld dwaande mei bylden, wylst lud , filmmuzyk en special effects it wurkmed wiene fan 'e ludstechnikus en de special effects editor . Trochdat hast alles no digitaal giet, is it tafoegjen fan sokke saken hieltyd mear de ferantwurdlikheid fan 'e filmeditor wurden. Derby is it trouwens hiel gewoan, fral by films mei in lytser budget , dat de filmeditor tydlike, fluch-fluch makke ludseffekten, muzyk en special effects tafoeget, dy't nei ofruning fan it montaazjeproses troch ekspers op dy terreinen ferfongen wurden troch de echte ludseffekten, filmmuzyk en special effects.

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: References , op dizze side .