한국   대만   중국   일본 
Sindeling - Wikipedy Springe nei ynhald

Sindeling

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Missy )

In sindeling of misjonaris is in persoan dy utstjoerd wurdt om in boadskip ( sinding of missy ), almeast fan in religy , te ferkundigjen. De wurden 'misjonaris' en 'missy' binne oflaat fan it Latynske wurd missio , dat "utstjoere" betsjut. Dy wurden binne sels wer oflaat fan (in lienfertaling fan) it Grykske wurd apostolos , "boadskipper".

Yn it kristendom hawwe der misjonarissen sunder tal west. Yn 'e protestantske tsjerken wurdt hjirfoar it wurd 'sindeling' brukt. By de Roomsk-Katolike Tsjerke sprekt men fan in 'misjonaris'. De studzje fan de ferkundiging fan it kristlik leauwe oan net-kristenen hiet sindingswittenskip of missiology. It kristendom hat yn de rin fan de skiednis wichtige sindelings han. Willibrord en Bonifatius hawwe misjonarissen west nei de Friezen .

Net alle religys dogge (likefolle) oan missy. It kristendom hat hjir yn it ferline in protte oan dien en op it stuit stjoere benammen de mormoanen en de evangelyske tsjerken in protte sindelings ut.